Skip to content

Yn grutte parten fan it lân min waar mei hagel –en tongerbuien mar lokkich yn Easterein prachtich waar mei it sintsje der de hiele dei by op de Okkema partij! Mei yn totaal 22 partoeren op de list, ferdield oer 5 klassen ,waard om goed 12 oere it earste baltsje slein.

 

Manlju A klasse f.f.

De manlju keatsten yn in poule fan 4 partoer, elk koe sa trije kear keatse. Nei 2 omlopen wie it dúdlik dat der noch 2 partoeren foar de einoerwinning gean koene, sy troffen elkoar yn de 3e omloop: Rinze Steneker, Rutger Vallinga en Hendrik Bouwhuis wiene mei 5-4/6-4 te sterk foar Bote Jellema, Jouke Dotinga en Mart v/d Molen en pakten hjirmei de krânsen.

1e priis: Rinze Steneker, Rutger Vallinga, Hendrik Bouwhuis

2e priis: Bote Jellema, Jouke Dotinga, Mart v/d Molen

Manlju B klasse f.f.

6 partoeren yn de B klasse ferdield oer 2 poules. Tjeerd Dijkstra, Tymen Dijkstra en Anco Elgersma wûnen beide partijen en wiene hjirmei groepswinner fan poule A. Yn poule B wûnen Bote Strikwerda, Paulus Yde Walda en Harm Jan de Boer ek beide partijen. De finale wie úteinlik in proai foar Bote Strikwerda c.s., sy wûnen mei 5-1/6-6 fan Tjeerd Dijkstra c.s..

1e priis: Bote Strikwerda, Paulus Yde Walda, Harm Jan de Boer

2e priis: Tjeerd Dijkstra, Tymen Dijkstra, Anco Elgersma

 

Manlju C klasse f.f.

Yn de C klasse ien poule fan 4 partoer. Nei 3 wedstriden wiene der 2 partoeren mei likefolle punten: Klaas Kamstra, Abe Jan Stegenga, Hans Kooistra en Jelle Wiersma, Jan Vellinga, Pieter Vellinga. Beide partoeren hiene 19 punten, it oantal tsjinearsten brocht hjiryn de útslach yn it foardiel fan Klaas Kamstra c.s., sy hienen 8 tsjinearsten en it partoer fan Jelle Wiersma c.s. kamen op 11 tsjinearsten.

1e priis: Klaas Kamstra, Abe Jan Stegenga, Hans Kooistra

2e priis: Jelle Wiersma, Jan Vellinga, Pieter Vellinga

 

Froulju A klasse f.f.

Ek by de froulju yn de A klasse ien poule fan 4 partoeren, wêrûnder 1 twatal. Mei twa winstpartijen wûnen Richtsje Strikwerda, Femke Hijlkema en Seriette Strikwerda de 2e priis. De krânsen wiene, nei 3 winstpartijen, foar it twatal Baukje Terpstra en Janieke Dijkstra.

1e priis: Baukje Terpstra, Janieke Dijkstra

2e priis: Richtsje Strikwerda, Femke Hijlkema, Seriette Strikwerda

 

Froulju B klasse t.i.l.

4 twatallen op de list yn de B klasse by de froulju. Nei 2 wedstriden wie it noch steeds spannend welke froulju mei de krânsen nei hús gean soene. Mei 17 punten wie de 2e priis úteinlik foar Ida Hallema en Karin Sjaarda. Mei 21 punten koene de earehagen by Sanne Rist Jorritsma en Riemy Kamstra omhongen wurde.

1e priis: Sanne Rixt Jorritsma, Riemy Kamstra

2e priis: Ida Hallema, Karin Sjaarda

 

Nei in flot ferrin fan de wedstriden koene de prizen rûn 17 oere útdield wurde. Nei noch in moaie foto-sesje mei alle priiswinners by de kraan fan Okkema (dy’t op it A fjild stie) is der noch efkes gesellich neisitten. 

Us tank giet út nei Leanbedriuw Okkema foar it stypjen fan dizze partij!

 

20160529 Easterein38steOkkemapartij1

 

20160529 Easterein38steOkkemapartij2

Back To Top