Skip to content

Hjoed de welpenfamkes yn Easterein te keatsen. Under drege waarsonstannigheden mei in tige hurde wyn en sa no en dan rein wie it swier keatsen. Mar se ha sich der super troch hinne slein!

 

De famkes binne oanelkoar weage; in protte lange partijen yn alle omlopen. Yn de herkansingsronde wie de 1e priis foar Eline van Dijkhuizen en Marsha Broersma, sy wûnen de finale mei 5-0 6-4 fan Noa Elzinga en Annarens v/d Hem.

 

Yn de winnersronde wie der in 3e priis foar Femke Folkerts en Ilse Marije van Beem; sy ferlearen yn de heale finale fan de 2e priiswinners. De finale wie tige spannend! Troch de steeds hurdere wyn waard mei name it opslaan dreech. Nei in drege striid wiene de úteinlike winners Elske van Straten en Janna Posthumus. Sy wûnen mei 5-5 6-2 fan Judith Cuperus en Nadya Rinske Moufakkir.

 

Alle priiswinners fan herte lokwinske!

 

Mei tank oan ús haadstiper Couperus Hydrauliek, dy’t dizze keatsdei mei mooglik makke hat!

20150531EastereinWelpenfamkes

1e priis: Elske van Straten, Feinsum, Janna Posthumus, Jirnsum

2e priis: Judith Cuperus, Nijlân, Nadya Rinske Moafakkir, Reduzum

3e priis: Femke Folkerts, Boalsert, Ilse Marije van Beem, Dronryp

1e priis herkansing: Eline van Dijkhuizen, Nijlân, Marsha Broersma, Stiens

2e priis herkansing: Noa Elzinga, Boalsert, Annarens v/d Hem, Dronryp

Back To Top