Ofrûne tiisdei 1 april wie de earste training fan de Stipepunt. Sa’n 13 froulju wiene hjirby oanwêzich.. en dat is allinich noch mar yn ‘e seal.
Foar op it fjild bestiet dizze groep út 21 froulju! In fariearre groep kwa leeftyd mar ek kwa kwaliteit. En dat mei; eltsenien is wolkom en de sfear is setten.
Wy as trainers ha der in protte nocht oan en de groep froulju wie ek tige entûsjast!
Wolle jim noch by dizze groep oanslúte? Dat kin!
Kom ris sjen op ‘e training as jou dy gau op troch in mailtsje te stjoeren nei training@kfeasterein.nl
Groetnis Bauke en Marije