Tiisdei 1 maaie 2012 wie de earste kompetysjejûn foar de jongerein fan Easterein. Under lieding fan de jongereinkommisje dienen der 34 keatsers en keatsters mei, fan kabouters oant skoalbern.
It wie hearlik waar foar in baltsje te slaan en ek om te sjen, want der wienen ek in soad âlders. Net allinnich om harren bern oan it keatsen te sjen, mar ek in stikje begelieding.
We ha in stikmannich foto’s makke en dy kinne jimme fine yn it menu ûnder foto’s.