Eastereinder keatswykein

Oer 1,5 wike fiere wy ús Eastereinder keatswykein; jeugd, junioaren en senioaren!

 

 

We wolle hjir in echt keatswykein fan meitsje, dus dit meie jim net missen.

– Jou jim (bêrn) op foar de keatsklinik fan dit toppartoer;
– We sykje noch in pear karmasters foar de Jong-Feinte partij. At jim dêr belangstelling foar ha, graach melden by Romine Jelsma;
– Jou jimsels as jim partoer op foar de Okkema-partij.

Oant dan!