Skip to content

Ferslach famyljekeatsen 7 july 2024

Nei jierren wer werom: it famyljekeatsen! En dat it yn de smaak foel wie wol te sjen oan it oantal opjeftes; mar leafst 20 partoeren hiene sich opjûn.

Alles waard yn ien klasse ferkeatst, elts koe sa moai 3x keatse. En der waard fanatyk keatst, foaral tusken de ferskate famyljes. Wát in slagge dei. Dizze wedstriid stiet takom jier wer op de aginda!

It lei allegear ticht bymekoar; 6 partoeren wûnen alle 3 wedstriden. Helaas foel 1 partoer hjirfan bûten de prizen. It wie in hiele tellerij om ta de priisferdieling te kommen. By sawol de nûmers 1 en 2, 3 en 4 én it plakje om de 5e priis moasten de tsjinpunten út de lêste tsjinearsten telt wurde. Hans Kooistra, Dieuwke Kooistra en Neno Viëtor foelen hjirtroch krekt bûten de prizen omdat se 4 tsjinpunten mear yn de lêste tsjinearsten hiene dan de nûmers 5.

 

De priiswinners:

1e priis:

Rutger Sijbesma, Abe-Jan Stegenga, Redmer Stegenga (21 foar/6 tsjin, 6 tsjinpunten yn de lêste tsjinearsten)

2e priis:

Sietske Okkema, Marinus van der Geest, Sjoerd Taeke Kooistra (21 foar/6 tsjin, 10 tsjinpunten yn de lêste tsjinearsten)

3e priis:

Ids de Boer, Jelle de Boer, Rutmer Jesse Joustra (21 foar/7 tsjin, 6 tsjinpunten yn de lêste tsjinearsten)

4e priis:

Fenna Sweering, Tim Sweering, Hendrik Sweering (21 foar/7 tsjin, 10 tsjinpunten yn de lêste tsjinearsten)

5e priis:
Tjeerd Dijkstra, Froukje Dijkstra, Jelte-Pieter Dijksgtra (21 foar/9 tsjin, 8 tsjinpunten yn de lêste tsjinearsten)

Back To Top