Skip to content

Freed 1 juny 2018 keatste de jeugd fan ‘e federaasje Snits en omkriten in ôfdielingspartij in Easterein. Der waarden 7 listen ferkeatst troch te keatsen yn ferskillende poules. Lokkich koene al dizze listen hielendal ferkeatst wurde en kamen de foarspellingen fan buienradar net út. We ha op it ein in pear drippen rein hân, mar oer it algemien ha wy it troffen mei it waar. De jeugd wie tidens it keatsen tige entûsjast. In baltsje oer de boppe of in sitbal yn it perk, dat mocht eltsenien wol efkes heare. Yn alle kategoryen wiene de bern tige fanatyk, mar ek posityf en earlik. Ta beslút wiene der fansels ek in oantal priiswinners.

 

 

 

Welpenjonges en – famkes
Trochdat der mar twa famkes partoeren oanmelden wienen, moasten sy hjoed mei de jonges mei keatsen. Dit ha de froulju hartstikke bêst dyn, mar dochs gongen de mannen der mei de prizen fantroch.

federatie welpen 01 06

 

1e priis: Lieuwe van der Kamp en Laas van Dalfsen (KF Yn ‘e Lijte – Folsgeare)
2e priis: Frans  Oosterbaan en Ruurd Oosterbaan (KF De Lytse Stuit – Skearnegoutum)
3e priis: Tsjeard Witteveen en Wiebren Tamminga (KF Reahûs-Turns)

 

 

Pupillenjonges en -famkes
Beide kategoryen keatsten in poules fan fjouwer. By de jonges gong it ta beslút tusken twa partoeren dy’t mei de krânse nei hûs gean soene. Nei twa partijen hiene beide priiswinners twa wedstriden wûn en soe de lêste partij beslisse wa hjoed winne soe. By de famkes wie KF De Lege Geaen bêst fertsjinwurdige, want der kamen wol trije fan de fjouwer partoer út Goënga en der mochten ús Eastereinder froulju it tsjin opnimme. Al gau waard hjoed dúdelik wa’t mei de krânse nei hûs gean soe. De striid om it twadde plak wie oant it lêst tige spannend en waard pas beslist doe’t de lêtste bal slein wie.

federatie pupillen jongens 01 06

federatie pupillen famkes 01 06

 

1e priis: Niek de Jager, Siebolt Hofman en Johannes de Boer (KF De Boppeslach – Hommerts)
2e priis: Lucas Gaastra en Thijs Lanting (KF De Lytse Stuit – Skearnegoutum)

1e priis: Ilse Baanstra en Elbrich Kooistra (KF De Lege Geaen – Goënga)
2e priis: Liset Sijbesma, Fianne Dijkstra en Brecht Stegenga (KF Easterein)

 

 

Skoaljonges en -famkes
Ek dizze beide kategoryen keatsten yn in poulesysteem. By de skoaljonges wie dit in nije foarm, werby fiif partoeren yn ien poule keatsen. Elts partoer keatst twa kear en wa’t hjirfan de measte earsten pakt, keatsen de finale. By de skoaljonges waard dit in finale tusken twa partoeren dy’t beide twa kear wûn hienen. By de froulju waard keatst yn in poule fan trije. Alle partoeren hiene ien wedstriid wûn en twa hjirfan mei 5–5 / 6–6. Hjirtroch moast nei de tsjinearsten sjoen wurden en wûn it partoer mei mar seis tsjinearsten.

federatie schooljongens 01 06

federatie schoolmeisjes 01 06

 

1e priis: Folkert Wierda en Johan Cnossen (KF De Lege Geaen – Goënga)
2e priis: Tjerk Andringa, Ate Schaap en Durk Bootsma (KF Reahûs-Turns)

1e priis: Sjoukje Gerbrandy en Moniek Lootsma (KF De Lege Geaen – Goënga)
2e priis: Brecht Tamminga, Amarins Gerbrandy en Inez de Jong (KF Reahûs-Turns)

 

 

Jonges en famkes
Lykas by de skoaljeugd keatsten hjir ek de famkes yn in poule fan trije en de jonges yn in poule fan fiif. Wat al oars wie, is dat hjir ek froulju tusken de manlju keatsten. Yn de jonges poule keatste it frouljus partoer fan KF Easterein en Iris Oosterbaan fan Skearnegoutum. Dizze froulju ha harren bêst fermakke tusken de manlju en hoechden ek net ûnder te dwaan. By de famkes wie de earste omloop it spannends en kwam der fiif gelyk oan ‘e tillegraaf. Dizze partij blykte letter dizze dei trochslachjouwend foar dejinge dy’t mei de krânse nei hûs gongen.

federatie jongens 01 06

federatie famkes 01 06

 

1e priis: Aizo Veltman, Bert Veltman en Jitze Floris (KF De Boppeslach – Hommerts)
2e priis: Iris Oosterbaan en Klaas Jan Oosterbaan (KF De Lytse Stuit – Skearnegoutum)

1e priis: Laura Dozeman, Irma Jaarsma en Annemare Wempe (KF De Boppeslach – Hommerts)

 

Back To Top