De utslaggen en ferslaggen stean op de website fan de KNKB. Letter komt dit noch op dizze website.
Foar foto’s dan de Federaasjedei: Henk Bootsma Fotografie
“Bring de keatsers by it keatsen!”
Yn 2011 begûn it yn Skearnegoutum mei de 1e Federasjedei fan Federaasje Snits! In dei mei de federaasjekeatsers en KNKB haadklasse manlju en froulju. Yn 2012 wienen de keatsers te gast yn Easterein en yn 2013 yn Goaiïngea. Yn 2014, by it 110-jierrich bestean fan Keatsferiening Easterein, binne de keatsers wer te gast yn Easterein op freed 30 maaie 2014.
Wy hjitte elk fan herte wolkom op sportpark De Skoalleseize yn Easterein!
TAGONG FERGEES!
MUZYK – DownTown Live
Haadstiper Keatsferiening Easterein
Stipers Federaasjedei
Bring de keatsers by it keatsen – Federaasjedei 2014 – Easterein
Bysûndere keatsdei yn Easterein op 30 maaie
Bring de keatsers by it keatsen, dat is de opset fan dizze bysûndere keatsdei, wêrop federaasje- en haadklassekeatsers mei elkoar yn kontakt komme. De tagong is folslein gratis.
Dizze feestlike keatsdei wurdt alwer foar de fjirde kear troch de ferienings fan federaasje Snits en omkriten organisearre. Yn 2011 wie de earste edysje yn Skearnegoutum. Yn 2012 waard it keatsfeest ek al ris yn Easterein organisearre en foarich jier wie Goaiïngea oan bar. Fanwege it lustrum fan ús keatsferiening – KF Easterein fiert dit jier har 110-jierrich bestean – fynt dizze prachtige keatsdei ek dit jier wer plak yn Easterein.
De twa fjilden fan Sportpark Skoalleseize wurde moarns brûkt troch de federaasjekeatsers. Sawol de jeugd as de senioaren komme yn aksje. De perkjes fan de bern wurde lein yn it fjild wer middeis fanôf 15.30 oere de haadklassekeatsers (manlju en froulju) yn aksje komme. Fansels hoopje wy dat der lykas oare jierren ek wer wat Eastereiner topkeatsers yn aksje komme meie. Dit hinget ôf fan harren plakje op ‘e ranking.
Wy hoopje dat de federaasjekeatsers nei harren eigen westryd ek noch efkes hingje bliuwe om de haadklassekeatsers yn aksje te sjen. Fansels soe it ek moaie wêze dat de haadklassekeatsers foarôfgeand oan harren eigen wedstriid de federaasjekeatsers noch efkes oanmoedigje. Renze Pieter Hiemstra, PC-kening fan 2013, wurdt yn elts gefal frege om de prizen oan de jeugdige federaasjekeatsers út te rikken.
De organisaasje fan dizze prachtige keatsdei wurdt lykas oare jierren troch ferskate bestjoeren oppakt. KF Easterein, de lustrumkommisje, it bestjoer fan ‘Bring de keatsers by it keatsen’ en de keatsferienings út de federaasje Snits en omkriten soargje der mei harren allen foar dat alles goed ferrint!
Wy hoopje dat der in protte folk ôfkomt op dizze bysûndere keatsdei. Om dizze keatsdei leechdrompelich te hâlden, is de tagong folslein gratis. Wa’t meidocht oan de grutte lotterij makket boppedat kâns op in prachtige ballontocht of in nije I-pad. Fansels is der nei ôfrin fan de keatserij in moai stikje live-muzyk oanwêzich en as it goed is, is ek de iterij goed fersoarge!
Kom op 30 maaie nei Sportpark Skoalleseize en belibje in prachtige keatsdei!
Oant dan!