Ferslach Jong-Feinte partij

Dronryp 1 mei de keatsers Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma winne de 19e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein, foar de 2e kear op rige! Se ferslaan Winsum mei 5-5 2-6.

 

Op dizze 19e edysje waard der keatst mei in totale prizepot fan wol €4000,-. Hiel wat om foar te striden, at de ear al net genôch wêze soe. Op de list stiene 26 partoeren fan 25 ferskillende ferienings, in moai gemiddelde fan ús dielname troch de jierren hinne. It waar wie oars as wat we went binne mei de Jong-Feinte partij, in protte rein ôfwikseljend mei in lyts sintsje. Mar dat is dit jier al net frjemd mear. In dikke pluim wer foar alle karmasters, blokjerinners en oare frijwilligers dy’t ek mei dit waar hjoed de hiele dei yn it spier wienen.

 

Dronryp 1 keatst de earste omloop tsjin Ingelum en winne dit mei 1-5 0-6. Yn de twadde omloop treffe se Tsjom, dit eindigt yn 3-5 4-6. Dêrnei wurdt Wytmarsum ferslein mei 5-1 6-2. Boalsert is de tsjinstanner yn de heale finale. Dit eindigt yn 5-4 6-4. De 3e priis is hjirmei foar Boalsert mei de keatsers Redmer Cnossen, Silvan Elzinga en Yoram Elzinga.

Winsum keatst de earste omloop tsjin Raerd en winne dit mei 1-5 6-6. Yn de twadde omloop treffe se Arum, dit eindigt yn 5-0 6-0. Dêrnei hawwe se in steand nûmer. Nijewier is de tsjinstanner yn de heale finale. Dit eindigt yn 5-1 6-6. De 3e priis is hjirmei foar Nijewier mei de keatsers Jelmer Torensma, Rutger Torensma en Jan Bandstra.

 

De finale eindigt yn in tige spannende pot mei 5-5 2-6. Dronryp 1 lokwinske! Dochs in moaie 2e priis foar Jesse Greidanus, Stefan Greidanus en Hessel Postma fan Winsum.

 

 

Foto’s folgje letter