Ferslach keats-off froulju’s PC 18-08-2022

In ekstra spannende keats off dit jier; soe it Sietske Okkema en har maten Hiske Zeinstra en Melissa Hiemstra slagje om sich te pleatsen foar de froulju’s PC?
De 1e omloop wie dreech mar nei in 5-2 efterstân koene de froulju de partij omboege yn harren foardiel, se wûnen mei 5-5/6-0 fan Foke Jill Bakker, Hesther de Boer en Marije Bodde. Yn de finale moasten Sietske c.s. striede tsjin Rixt Fokkema, Angela Donga en Ineke van de Ploeg. Dizze wûnen se mei 5-3/6-4 wêrmei se in plak op de froulju’s PC fertsjinnen!