Skip to content

De kop is der wer ôf… Hjoed de tradysjonele earste ledenwedstriid fan it seizoen: de Keningsdeipartij.

 

Mei yn totaal 46 keats(t)ers op de list; 40 manlju en (mar…) 6 froulju waard de earste bal tsjin healwei 11-en slein.

It is altyd wer efkes bikkeljen foar it stramme liif en de spieren nei de wintersliep. Mar elts koe sich hearlik útlibje op ús prachtige sportfjild mei in fantastyske gêrsmatte! Andries hie it der wer superstrak foar lizzen, dat mei ek wolris sein wurde!

 

 

De priiswinners, lokwinske!

 

 

Nei in moaie keatsdei mei prachtich waar koene de prizen as folgt ferdield wurde:

 

A klasse manlju (poule fan 4 partoer)

1e priis mei 21 foarearsten
Doede-Rients Okkema
Stefan v/d Weg

 

2e priis mei 18 foarearsten
Dirk-Yde Sjaarda
Johannes Hazenberg

 

 

B klasse manlju (gewoane list)

1e priis
Jan Vellinga
Hendrik Sweering
Douwe Durk Reitsma

 

2e priis
Robert Sijbesma
Bauke Jan Plantinga

 

1e priis ferl.
Peter Stuiver
Wietze Vink

 

 

C klasse manlju (poule fan 4 partoer)

1e priis mei 21 foarearsten
Hendrik Okkema
Mebius de Boer
Jelle de Boer

 

2e priis mei 15 foarearsten
Tom Couperus
Gep Bakker
Ids Boersma

 

 

Froulju (poule fan 3 partoer)

1e priis mei 14 foarearsten
Sietske Okkema
Karin Sjaarda

 

 

Neidat de prizen rûn 16.30 oere útrikt wiene troch Dirk-Yde en Wilma koe elts oan de neisit begjinne mei in stikje muzyk en in hapke en drankje.

 

Tank oan stiper Oranje & Heitelân foar it beskikber stellen fan de prizen!

Back To Top