Skip to content

 

Tradisjoneel altyd de earste keatspartij fan it jier, de Kniplokaeltsje partij op woansdeitemiddei yn maaie.Yn totaal 50 berne keatsers aktyf dizze prachtige sinnige, wynstille en droege middei op de fjilden. Ideaal keatswaar om útein te setten dus!

 

Bliid binne we mei in soad nije kabouters op’e list, sy keatsten hjoed dan ek harren earste echte wedstryd. 6 twatallen en eltsenien 3x keatse, dêrnei de earsten tellen en dan ha je de folgende utslach:
1e priis Pieter-Age van der Weide en Marrit van der Weij
2e priis Sybrecht Overal en Fenne Sijbesma
3e priis Nynke Velzen en Pytrik Ynema

 

 


Alle kabouters die hjoed harren net yn de prizen keatst hiene krigen in moaie herinneringsmedaille mei nei hús. Moai om te sjen hoe grutsk as se alle 12 wiene!

 

 

Bij de welpen hiene we 14 bern op de list, in soad trochstroom fanút de kabouters dus foar harren de earste wedstriid mei de echte keatsspulrigels. En dat is soms best efkes wenne.  Wie moat opslaan, foar best, foar minst, reade blokje, wyte blokje, ruilje as toch net ruilje……
We hiene de list mei 6 partoeren fan 2 en 3 tallen sa makke dat alle welpen 3x keatse koene. Mei it motto “aldoende leert men”……
De prizen wiene hjoed foar:
1e priis Jorrit Stap, Sander Velzen en Eelkje de Jong
2e priis Fianne Dijkstra en Jarno van der Weij
3e priis Tjitske Joustra en Brecht Stegenga

 

 

 

De measte pupillen ha al wat mear erfaring mei in wedstriid keatse. Yn totaal hiene sich 11 pupillen opjûn foar hjoed. Lokkich hiene we Tiemen de Groot ree fûn om hjoed yn stee fan by de skoaljonges by de pupillen mei te dwaan, sadat we sawol by de pupillen as de skoaljeugd /14-16 jier 2 moaie listen fan 12 keatsers meitsje koene. Wêrfoar nog tank Tiemen!
12 keatsers makket 1 moaie poule fan 4 trijetallen en it lot makke der op papier 4 moaie lykweardige partoeren fan.  Oan it ein fan de dei wie de útslach als folgt:
1e priis Arjen Stremler, Marije Zijlstra en Berend Santma
2e priis Redmer Stegenga, Liset Sijbesma en Nyka Ottens

 

 

 

 

En dan om 17.00 oere, as sommigen “haasje repje” út skoalle fietst binne, kin de skoaljeugd en de jonges/famkes 14-16 ek los. Bymekoar  yn 1 poule makke in moaie poule fan 4 trijetallen.
De jeugd hat it altyd tige gesellich meielkoar en nei 2 omlopen wurdt der faaks ek ff luxe dineert mei syn allen yn de foarm fan in patatsje. De finale waard in echte finale mei alles oan de hang. It wie al skimerich foar de lêste slach slein waard.

1e priis  Selma de Boer, Nynke Paauw en Jelmer Brouwer
2e priis Rutger Wiersma, Rutger Sijbesma en Siebo Boersma

 

 

 

Alle frywilligers by dizzen wer tige tank foar jim help.  Sawol óp en om it fjild as efter de bar en efter de skermen. En fansels spesjale dank oan ús sponser fan hjoed: kapsalon ’t Kniplokaeltsje út Easterein.
14 juny stiet ús folgende ledenpartij op it programma, wy hoopje jim dan allegear wer te sjen!

 

Danny, Hans, Klaas, Annabeth, Geertje, Fetsje en Liesbeth

Back To Top