Ferslach KNKB froulju haadklasse f.f. (generale froulju’s PC) 20-08-2023

Hjoed keatsten de froulju harren lêste wedstriid foar de PC kommende woansdei. Under lieding fan skiedsrjochter Sipke Hiemstra waard der om 11.00 oere úteinset.

It favoriete partoer (Tuinenga c.s.) makke harren rol wier en pakten de krânsen. Sy wûnen de finale mei 5-0/6-6 fan de Haan c.s..

Mei tank oan alle karmasters, tillegrafisten, blokjerinners en oare frijwilligers wie it in tige slagge keatsdei yn Easterein!

 

Hjirûnder de priiswinners:

 

1e priis

Ilse Tuinenga

Anne Monfils

Marrit Zeinstra

 

2e priis

Annet de Haan

Louise Krol

Sjanet Wijnia

 

3e priis

Amarins de Groot

Larissa Smink

Noa Elzinga