Ferslach ledenpartij 08-05-2022

De 2e ledenpartij alwer fan dit seizoen. Under hearlike waarsomstannigheden waard der fûlein keatst. De manlju keatsten yn it saneamde ‘Sneker systeem’ en de froulju keatsten yn in poule. De manlju makken der in spannende lêste omloop fan; 3 partoeren wiene noch folop in de race om de krânsen. Uteins giene de prizen nei de 2 partoeren die’t alle 3 wedstriden wûnen. Mei in ferskil fan 2 tsjinearsten (8 om 10) wiene de hagen foar Bote, Tjeerd en Tom.

By de froulju in iets minder spannende striid, mar net minder gesellich! De krânsen giene nei Marije en Karin.

 

Manlju
1e priis: Bote Jellema, Tjeerd Dijkstra, Tom Couperus

2e priis: Johannes Hazenberg, Sipke Hiemstra, Tjerk Okkema

 

Froulju

1e priis: Marije Schurer, Karin Sjaarda