Ferslach knkb manlju 2e klasse f.f. 15-05-2022

We hawwe in moaie keatsdei hân, prachtich keatswaar, mar in knoerdhurd fjild. De ballen stuiteren by tiden hast oer de keatsers hinne. En wat stûnen ús manmachtige keatsoanmerkers de kreas op yn harren nije shirts.
Yn de heale finale bliuwt partoer 9 (Patrick van Dellen, Mark Minnesma, Steven Koster) stean en hawwe de finale dus al fersulvere. Partoer 16 (Wybren Postma, Tymo Zijlstra, Tjalling Feenstra) en 18 (Redmer Zaagemans, Michel v/d Veen, Klaas Pier Folkertsma) meie der earst noch om keatsen. It wurdt úteinlik 2-5 2-6 foar Redmer, Michel en Klaas Pier en dêrmei hawwe Wybren, Tymo en Tjalling de 3e priis.
Om 16.00 oere koe de finale begjinne, dit gong moai lykop. In soad op 6-6. Mar it partoer fan Patrick, Mark en Steven lûke op 5-3 6-6 oan it langste ein en dêrmei is de 2e priis foar Redmer, Michel en Klaas Pier. De terjochte krânsewinners binne hjoed Patrick, Mark en Steven.
1e priis
Patrick van Dellen
Mark Minnesma
Steven Koster
2e priis
Redmer Zaagemans
Michel v/d Veen
Klaas Pier Folkertsma
3e priis
Wybren Postma
Tymo Zijlstra
Tjalling Feenstra