Ferslach ledenpartij 21-05-2023

De earste ledenpartij fan 2023. Moai waar en mei in opkomst fan 22 leden is alles oanwezich foar in prachtige keatsdei. Der wurdt in gewoane list keatst. De bedoeling wie in dei mei hindernissen, mar dizze binne skrapt. Wol hawwe we oer de hiele dei lekkere hapkes ûtdield.

 

Der is moai keatst mei spannende en minder spannende partijen. Yn de finale kaam partoer 4 tsjin 8. Partoer 8 hie de hiele partij de foarsprong, mar partoer 4 woe net opjaan en bleaun by. Op 5-5 pakten se de foarsprong en wûnen úteindelik mei 5-5 6-4. De krânsen binne dan ek foar Johan Abma en Wietse Vink. Partoer 8 mei Julian Faber, Tjerk Okkema en Sander Velzen giene mei in moaie 2e priis nei hús.

Yn de ferliezersfinale pakte partoer 5 de foarsprong fan 5-2. Partoer 1 mei Hendrik Kuiper, Froukje Dijkstra en Eppie Heins sputterden behoarlik tsjin, mar moasten op 5-4 6-6 dochs belies jaan wertroch de 1e priis herkansing foar partoer 5 is mei Ids de Boer, Marije Schurer en Karin Sjaarda.