Skip to content

In primeur fannejûn yn Easterein (mar miskien ek wol yn Fryslân?): keatse op keunstgêrs! Soe de bal krekt sa stuitsje as op écht gêrs? En soe it fallen ek searder dwaan?;-) It is allegear útwreidich testen fannejûn/fannacht troch de keats(t)ers. En oan de gelûden te hearen kin it wol wer ‘es; elts wie posityf!

 

At je gjin ledder by de hân ha om de muzykboks oan te slúten dan mar efkes sa….. Goed dien Jesper!

 

Mei 22 dielnimmers op de list koe de earste bal om goed 21 oere slein wurde. Manlju en froulju trochmekoar yn 2- en 3-tallen en sa as gebrûklik mei nachtkeatsen; 3 ferskillende listen.

 

 

Altyd wer in moai gesicht….

 

Peter Stuiver wie de ieninge dy’t fannejûn alle wedstriden wûn; hy wûn dêrmei de krâns as A maat. Spannend wie it noch tusken Hendrik Sweering en Bote Jellema: beide likefolle foar- en tsjinearsten. Nei telling fan de lêste earsten die bliken dat de 2e priis foar Hendrik wie en de 3e foar Bote.

 

By de B maten lei it ek ticht bymekoar mar Jorrit koe oan it ein fan de jûn mei de krâns nei hús. Arjen Hallema en Jan Bouke Bouma waarden resp. 2e en 3e.

 

Omdat der by de jeugdslotwedstriid net genôch dielname wie by de skoaljeugd en jonges/famkes mochten sy fannejûn ek meidwaan. Dit levere Arjen Stremler in moaie 2e priis op as C maat.
Ek wie de wedstriid iepensteld foar net-leden; hjirtroch koe Jesse Eringa mei de hage nei hús as beste C maat. Jeen Houtsma (âld-Eastereiner) kaam krekt in punt te koart foar in priis. Moai om dizze jonges op it fjild te sjen.

 

Krekt foar 2 oere waarden de prizen útrikt troch Wiepkje en Wilma en koe elts noch efkes neisitte ûnder it genot fan in hapke en drankje.

Tige tank oan de stipers fan KF Easterein foar it mei mooglik meitsjen fan de altyd gesellige nachtkeatserij! Ek tank oan SDS en SKS foar it beskikber stellen fan it keunstgêrsfjild.

 

 

De priiswinners, lokwinske!

 

A maat:

1e priis Peter Stuiver (21 foar/11 tsjin)
2e priis Hendrik Sweering (18 foar/10 tsjin)
3e priis Bote Jellema (18 foar, 10 tsjin)

 

B maat:
1e priis Jorrit Veldman (18 foar/10 tsjin)
2e priis Arjen Hallema (17 foar/9 tsjin)
3e priis Jan Bouke Bouma (17 foar/13 tsjin)

 

C maat:
1e priis Jesse Eringa (17 foar/11 tsjin)
2e priis Arjen Stremler (16 foar/9 tsjin)

 

 

Back To Top