Skip to content

Wat in prachtich waar hiene we tidens ús jierlikse nachtkeatspartij; gjin wyn, droech en in prima temperatuer.  Troch in  protte (buurt)feestjes yn it doarp wie de opkomst net al te grut, mar dêr wie de wille net minder om; der waard fanatyk, gesellich en sportyf keatst.

 

Troch in lette oanmelding (Harm Dijkstra) moasten we earst efkes wat skowe yn de partoeren. Mei yn totaal 15 opjeftes, ferdield oer 6 partoeren, koene we stipt 21.00 oere los. Nei in flotte earste omloop begie de 2e omloop al om 22.15 oere.Omdat Mattie yn de 1e omloop lêst krige fan in ferfelende spier yn de boppeskonk moasten we op ‘e nij de partoeren hjir en dêr wat wizigje.

 

Yn de 2e omloop in tige spannende partij tusken Christian Hoekstra, Tom Couperus en Wietse Vink, Petra Jellema, it waard ‘alles oan ‘e hang’. De striid waard úteins beslist yn it foardiel fan Wietse en Petra.
Troch dizze lange partij hiene de oare keats(t)ers alle tiid om op adem te kommen mei in hearlik bakje sop en broadsjes.

 

Rûn 23.45 oere koe elts sich klearmeitsje foar de beslissende 3e omloop. Hjiryn in ware finale omdat it lot bepaald hie dat de A-maten Tjeerd Dijkstra en Wietse Vink tsjinmekoar moasten. Beide mannen hiene de earste 2 partijen wûn. A-maat Rémon Bouma hie de foargeande 2 partijen wûn en wie hjirtroch ek noch folop yn de striid om de earehage.
Nei ek winst yn syn 3e partij wie de krâns foar de alleskunner Wietse Vink, gjin bal wie him fertroud! De 2e priis wie foar Rémon Bouma, hy ferlear, lykas Tjeerd Dijkstra de lêste partij. Mar trochdat Rémon mear earsten foar hie foel hy yn de prizen.

 

Ek by de B-maten koe it noch alle kanten út; Petra Jellema en Jan Bauke Bouma hiene beide partijen wûn en hiene de measte kâns om de krâns te winnen.
De krâns wie úteins foar Jan Bauke Bouma, hy wûn ek syn 3e partij. Tom Couperus wûn de 2e priis; hy ferlear ien wedstriid mei 5-5/6-6 mar wûn beide oare partijen.

 

Neidat it fjild wer hielendal oan kant wie, mei tank oan de keats(t)ers!, koene Mattie en Wilma foar 01.00 oere de prizen útrikke en wie der tiid fan in hapke en snapke. It fanatyke keatsen hie foar mei name Jorrit Veldman in neidiel: hy krige nei de tiid sa’n kramp yn de hamstring dat we tochten dat hy der yn hingjen bliuwe soe ;-). Nei 10 minuten de boel goed oprekke koe Jorrit lokkich alle kanten wer út!

 

Tige tank oan de stipers fan KF Easterein foar it mei mooglik meitsjen fan de altyd gesellige nachtkeatserij!

 

A maat:
1e priis Wietse Vink (21 foar/11 tsjin)
2e priis Rémon Bouma 18 foar/9 tsjin)

B maat:
1e priis Jan Bauke Bouma (21 foar/9 tsjin)
2e priis Tom Couperus (19 foar/10 tsjin)

 

 

 

Back To Top