Skip to content

Hjoed wie ús de jierlikse Okkema partij. Dit is in federaasjewedstriid die’t iepen stiet foar alle federaasjes. Mei mar leafst 28 partoeren op de list yn 4 klassen wie der sprake fan in mear dan prima opkomst! It wie it slotstik fan ús Eastereiner keatswykein. Dizze begie freedtejûn mei in klinik foar ús jeugdleden fan it haadklassepartoer fan Hans Wassenaar, Tsjisse Steenstra en Renze Pieter Hiemstra,  de dei dêrnei de Jong-Feinte partij en hjoed op ‘e nij it fjild fol mei fanatieke keats(t)ers. Somtiden drege keatserij mei lange partijen, foaral yn de A klasse kaam der gjin ein oan, it wie tsjin 18.30 oere foardat dêr de lêste slach slein waard.

 

 

Hjirûnder de priiswinners:

 

Froulju f.f.

1e priis: Aaltsje Kroes, Marije Jonker, Nynke Schipper

2e priis: Idske Zijlstra, Froukje Dijkstra, Michelle Bruinsma

 

Manlju A klasse f.f.

1e priis: Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Kuiper, Marten Faber

2e priis: Jelmer Dijkstra, Jan Feenstra, Albert Feenstra

3e priis: Egbert Bootsma, Gert-Jan Bootsma, Johannes Breeuwsma

 

1e priis ferl.: Jelle de Vries, Johannes Heeg, Ewout de Boer

2e priis ferl.: Julian Faber, Ferdinand van der Zee, Rémon Bouma

 

Manlju B klasse f.f.

1e priis: Sipke Hiemstra, Siebe Tolsma, Evert Tolsma

2e priis: Luka van der Weg, Johan Gaastra

3e priis: Durk Noordenbos, Haite Hein Miedema, Joop Hoekstra

 

1e priis ferl.: Stefan van Krimpen, Jos Houtsma, Bert Couperus

2e priis ferl.: Hylke Flapper, Jacob Willem Strikwerda, Jan Flapper

 

Manlju C klasse f.f.

1e priis: Tom Couperus, Tjerk Okkema, Hendrik Okkema

2e priis: Jelmer Hazenberg, Wietse Ligthart, Jorrit Veldman

 

 

Us lokwinsken foar alle priiswinners! Yn it bysûnder oan it partoer fan de bruorren Okkema: je eigen partij winne is dochs prachtich!? En fansels ek tank oan harren foar de stipe! It wie in moaie keatswykein yn Easterein!

 

Back To Top