Skip to content

Snein 28 maaie ús jierlikse leanbedriuw Okkema partij. In frijeformaasje wedstriid welke iepensteld is foar alle federaasjes.

 

Goed 12.00 oere wurdt de wedstriid iepene en kinne we in start meitsje fan in moaie keatsdei, wêrby de omstannichheden hearlik binne. Prachtich mooi keatswaar!!!
Der steane 40 keatsers op’e list, welke ferdield binne yn trije klassen. Der is in A klasse manlju (4 partoer), B klasse manlju (7 partoer) en de froulju (3 partoer).
12.20 oere is it dan safier, elts hat de sportklean oan, hat sich waarmslein en as draaft en we binne los….

 

Manlju A klasse
Hjir wurdt keatst yn in poule fan 4 partoer. Nei de earste twa omlopen binne der 2 partoer welke beide 14 punten hawwe; partoer 1: Bote Jellema, Raymon Cuperus en Jouke Dotinga en partoer 4: Rijkel Dotinga, Michel Nesse en Julian Faber.
Sy meie it tsjin elkoar opnimme en stride om de 1e priis.
It wurdt in moaie striid, wêrby de ferskillen lyts binne. It wurdt 5-5 en it lêtste earst sil de winner bringe. Uteinliks is it it partuur fan Rijkel Dotinga die’t der mei de krânsen fan troch gjit; sy winne de finale mei 5-5 6-4.

 

1e priis
Rijkel Dotinga
Michel Nesse
Julian Faber

 

2e priis
Bote Jellema
Raymon Cuperus
Jouke Dotinga

 

Manlu B klasse
Hjir wurdt keatst yn 2 poules: poule A fjouwer partoer en poule B trije partoer.

Yn poule A is it it partoer fan Harm Auke Dijkstra, Steef Haarsma en Pieter Westra die’t net te ferlaan binne en sawol op en út oer degelik keatse. Sy winne dan ek alle trije wedstriden en wurde winner fan dizze poule mei 21 punten.

Yn poule B keatse de haadstipers fan dize dei. Tom Couperus, Tjerk Okkema en Hendrik Okkema stride om in plakje yn de finale te heljen. De 1e omloop sette se goed útein en winne dan ek mei 5-2 6-2. Nei in goeie start en degelike 1e omloop slagget it harren net om de finale te heljen. It is it partoer fan Hans Kooistra, Jan Vellinga en Abe Jan Stegenga die’t de poule winne. Ek sy keatse oer degelik en winne de poule troch beide wedstriden te winnen.

In finale tusken it partoer fan  H.A. Dijkstra en dhr. Hans Kooistra.
Harm Auke en syn maten sette rap útein en litte dúdlik sjen dat sy hjir hjoed binnefoar mar 1 ding, en dat is de krânse. Nei in fliegende start komme sy yn in rap tempo op in 3-0 foarsprong. Appeltje eitje liket it te wurden. Mar mei in omloop mear yn de fuotten liket de wurgens ta te slaan, Hans en syn maten keatse degelik troch en biete harren der yn fêst, se komme werom tot 3-2 en 6-6. It slagget krékt net om lyk te kommen, helaas… Elts earst is spannend en lykopgeand, mar Harm Auke en syn maten binne hjoed net te stoppen en winne úteinliks de striid mei 5-2 6-4.

 

1e priis
Harm Auke Dijkstra
Steef Haarsma
Pieter Westra

 

2e priis
Hans Kooistra
Jan Vellinga
Abe Jan Stegenga

 

Froulju A klasse
De froulju keatse yn 1 poule fan trije partoer. Nei allegeare in kear keatst te hawwen binne ek hjir twa partoer die’t  beide in kear wûn hawwe en harren opmeitsje kinne yn in streekrjocht gefecht om de krânse te winnen; partoer 2: Jildou Jorritsma, Jitske Plantinga en Sanne Rixt Jorritsma en partoer 3: Janieke Dijkstra, Jitske Veldman en Gabriële Bouma. Sy meie it tsjin elkoar opnimme yn de striid om de krânsen.

En in striid dat wurd it…. Twa partoer die oanelkoar weage binne. Se litte dan ek beide sjen dat ferlieze hjoed gjin opsje is. It is it partoer fan Janieke Dijkstra die’t goed útein set, en in 4-2 foarsprong nimt. Mar it partoer fan Sanne Rixt Jorritsma jouwt it net op en keatst lekker troch, hat in soad wille en is it Jildou Jorritsma die’t begjint te springen as sy dan ek ris in kear op in 6-6 stân it earst pakke. De spanning is werom yn de wedstriid en it wurdt dan úteinliks 5-5 en moat it lêtste earst de winner bringe. It jouwt wol oan dat se oanelkoar weage binne, want it wurdt 5-5 6-6. Dit kear is it net alinnichJildou die’t  springt, mar dogge Sanne Rixt en Jitske mei har mei… Sy winne it hjoed by de froulju en meie de krânse mei nei hús nimme.

 

1e priis
Jildou Jorrtisma
Jitske Plantinga
Sanne Rixt Jorritsma

 

2e priis
Janieke Dijkstra
Jitske Veldman
Gabriële Bouma

 

In pracht keatsdei wêrby mei in soad nocht en wille keatst is!

 

Tank oan de stiper fan dizze partij: Leanbedriuw Okkema! Sy hiene prachtige prizen ter beskikking stelt, dus elts koe nei ôfrin noch lekker oan de borrel en genietsje fan in lekker hapke…

 

 

Back To Top