Ferslach pearkekeatsen 05-06-2022

Tradisjoneel op 1e Pinksterdei it pearkekeatsen. Der waard keatst yn 3 klassen: A en B klasse yn it saneamnde ‘Sneker’ systeem en de C klasse yn in poule mei helaas mar 3 partoer.

 

Yn de A klasse mar leafst 4 partoer die’t nei 3 omlopen 17 foarearsten hiene! Dus de rekkenkeamer moast der wol efkes oan te pas komme, hielendal omdat der ek noch 2 partoeren wiene mei itselde oantal tsjinearsten. Nei it tellen fan de foarpunten yn de lêste earsten kaam der, mei mar 2 punten ferskil, in 2e priiswinner út de bus roljen: Tessa en Julian. De hagen wiene foar Judy en Hendrik.

 

De B klasse waard in proai foar Dieuwke en Hans. As ienigste partoer wisten sy alle 3 wedstriden te winnen. De 2e priis wie foar Vera en Harm.

 

Petra en Mebius giene der mei de krânsen fan troch yn de C klasse; sy wisten beide partijen te winnen.

 

A klasse

1e priis: Judy Bergsma en Hendrik Sweering (17 foar, 9 tsjin)

2e priis: Tessa Westra en Julian Faber (17 foar, 12 tsjin)

 

B klasse

1e priis: Dieuwke Kooistra en Hans Kooistra (21 foar, 10 tsjin)

2e priis: Vera de Vries en Hqrm-Auke Dijkstra (19 foar, 14 tsjin)

 

C klasse

1e priis: Petra Jellema en Mebius de Boer (14 foar, 5 tsjin)