Skip to content

De PC-DEI

De fjouwer Eastereinder froulju dy’t op de 37ste PC stienen koenen eilaas de 2e omloop net helje. Dat wie tige spitich. Meast bysûnder wie dat Judy Bergsma, keatsmaat fan Tineke Dijkstra en Melissa Rianne HIemstra nei 9 PC’s ôfskie naam en dat dit har moaiste 1e omloop wie.

 

Tineke, Judy en Melissa Rianne Hiemstra moasten fuort tsjin ien fan de favorite partoeren, it partoer fan Iris vd Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Tineke endy koenen it earste earst pas pakke op 3-1:6-6 nei 4-0 efter. It waard úteinlik 5-1:6-2, untank de oanmoedigings fan de bern fan de klas fan juf Judy!

20130821 FPC Judy 

Martine en har maten Ilse en Margriet rekken der ek ôf yn de earste omloop, mar dat hie samar oars kinnen en miskien wol oars moatten. Neffens ferskillende taskôgers wie de bal fan Martine op 4-3:6-6 WOL boppe ynstee fan kwea en it waard 4-4 en net 5-3. No koe de tsjinstanner, it partoer fan Nelie Steenstra, Klasine Huistra en Marije vd Meer werom komme en de partij sels winne op 4-5:2-6.

 

Marije, Imke en Geke hienen hielendal harren dei net. Se ferlearen hurd mei de sijfers 1-5:0-6. De opslagger fan de tsjinpartij, Rianne Vellinga, libbe har hielendal út op it perk Imke/Geke en sels doe Marije efkes foaryn stie koenen se der noch neat mei. Rianne koe alle ballen pleatse wer se woe en hie alles wis yn. In wrede útslach en sa’t Imke yn in ynterview sei: “Dit wie net best”. Ferline jier noch yn de krânsen fan it fjild, mar no wie der efkes gjin ear te beheljen.

 

Foar alle ynformaasje oer de 37ste Frouljus PC sjoch op de KNKB-site by Dames PC 2013

 

Foto’s fan de Dames PC op de site fan Henk Bootsma Fotografie

 

 


 

LOTTING FROULJUS PC

 

Justerjûn yn it doarpshûs fan Weidum wie de lotting fan de 37ste Frouljus PC. Guon froulju wienen al betiid, healwei seis oere, yn Weidum. Want dêr kaam Pyt Paulusma op besite om oer it waar te praten en fansels oer de Frouljus PC.

 

Sjoch de reportage op Waarberjocht Pyt op SBS 6 

 

De lotting sels dan. Tineke, Judy en Melissa Rianne ha in dreech lot. Se meie begjinne as partoer 2 tsjin Iris vd Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Opmerkilik is wol dat Tineke endy dit seizoen al twa kear wûn ha fan dit partoer. Yn Easterein en yn Doanjum. De nûmers 3 en 4 binne Joukje Kuperus c.s. en Sanne Velsma c.s.

 

Ilse, Martine en Margriet meie begjinne as partoer 7 tsjin Nelie Steenstra, Klasina Huistra en Marije vd Meer en sitte fierder yn it blokje mei twa toppartoeren, Nynke Sybrandy c.s. en Lisette Wagenaar c.s.

 

Marije, Imke en Geke ha (wer) in moai lot lutsen en ha nûmer 11. Se begjinne tsjin Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer en sitte mei Nicole Hempenius c.s. en Nynke Sinnema c.s. yn it blokje.

 

 

LIST FROULJUS PC

 

Alle froulju in soad sukses tawinske!

 

 

De wedstriid woansdei is live te folgjen op internet op de site fan Nije Kriich – Weidum

 

 

 

 


 

Moandei 19 augustus is de lotting foar de Frouljus PC yn it doarpshûs fan Weidum. Woansdei 21 augustus om 11.00 sil de 37ste Frouljus PC hâlden wurde.

 

 

 Wa dogge mei fan Easterein?

 

Marije Hiemstra, Imke vd Leest, de winners fan ferline jier, keatse dit jier mei Geke de Boer.

 

Martine Tiemersma keatst mei Ilse Noorman en Margriet Bakker.

 

Tineke Dijkstra en keatst mei Judy Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra

 

Dus fjouwer froulju op de PC!

 


 

 

Kommend wykein binne der earst noch twa wedstriden foar de froulju. Sneon 17 augustus de 1e klase t.i.l. yn Workum. LIST WORKUM

 

 

En snein 18 augustus de haadklasse froulju frije formaasje yn Akkrum, better bekend as de  generale foar de Frouljus PC.  LIST AKKRUM

 

KaatsenWeidum2011-490x326

De frouljus PC is op woansdei 21 augustus, 14 dagen nei de Freule dus. Snein 18 augustus is de generale yn Akkrum mei de 12 partoer.

 

Werom no al nijs?

 

Om’t der wat opmerkliks bart is de ôfrûne wike oangeande de wedstriden fan it kommende wykein, 10 en 11 augustus. Der binne sneon troch-inoar-lotters wedstriden op de haad- en 1e klasse en de sneins binne der frije formaasje wedstriden.

Snein stiet it partoer fan de Eastereinder froulju Marije Hiemstra en Imke vd Leest mei Geke de Boer NET op de list. Wat raar soenen je sizze. EN ja, dat is ek raar! Hoe komt dat dan? De ranking!

De froulju binne skynber sa wiis mei de punten dy’t hja ha fan de lêste acht wedstriden dat hja dy perfoarst hâlde wolle mei it each op de ranking foar de PC. Sa skriuwt men op kaatsnieuws.com.

De mienings oer dizze aksje fan it partoer Hiemstra binne ferdield en dat is op alle sosjale media te lêzen. Wy, as redaksje fan de website fan KF Easterein ha ek in miening. “Wa keatst kin de bal werom ferwachtsje”!

 

 

Alle froulju en alle partoeren winskje wy in hiel soad sukses foar it kommende wichtige keatswykein!

 

 

Takom wike moandei 12 augustus sil bekend wurde wa by de 12 partoer sit en wa net….!

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Back To Top