4e woansdei fan july – 8e Jong-Feinte
21-7-2012
De lotting fan de 8e edysje fan de Jong-Feintepartij is west.
Foar de list, sjoch: LIST JONG-FEINTEPARTIJ 2012
Oersjoch dielname 2005-2012
Jaar | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 |
Partoeren | 26 | 24 | 26 | 26 | 26 | 24 | 27 | 27 |
Ferienings | 23 | 20 | 23 | 23 | 24 | 20 | 20 | 26 |
Fan 2005-2012 ha der no 55 ferskillende ferienings meidien!
Alle 8 edysjes meidien: Dronryp, Easterein, Tsjummearum en Wommels
Mar leafst 7 debutanten op de Jong-Feinte: Menaem, Jellum-Bears, Lollum-Waaksens, Arum, Raerd, Tsjom en Achlum.
Net yn 2011: St Jakob, Wynaam, Winsum, Berltsum, Itens
Wol op NK, net op Jong-Feinte: Rie, Broeksterwâld, Mantgum, Weidum, Harns, Hartwert, Reahus-Turns, Bitgum.
20-07-2012 (14:00)
De 8e edysje fan de Jong-Feinte hat in prachtige dielname fan 27 partoeren, 26 ferskillende ferienings (Tsjummearum mei 2 partoeren) en 7 debutanten.
Sneon 21 july 2012 de lotting fan de Jong-Feinte yn it ferieningsgebou op sportpark De Skoalleseize yn Easterein. Oanfang 20.00 oere!
20-07-2012 (13:30)
Nog in heal oere foar opjefte en we steane op 27 partoeren! Noch in debutant: Achlum!
Nog ien oere foar opjefte en der binne 4 partoeren by kaam en ien hat in partoer werom lutsen, Wjelsryp 2.
Yn 2011 hienen we 27 partoeren.
OPJEFTE
De lêste dei foar opjefte foar de 8e Jong-Feinte. Oant no ta 27 partoeren, te witten:
Dat binne de ferienings: Menaem, Tsjummearum, Jellum-Bears, Seisbierrum-Pietersbierum, Minnertsgea, Easterein, Lollum-Waaksens, Arum, St Anne, Peins, Raerd, St Jacob, Wynaam, Easterlittens, Boalsert, Dronryp, Wjelsryp, Winsum, Frjentsjer, Tsjom, Berltsum, Itens, Eksmoarre, Wytmarsum, Wommels, Achlum (fet = debutant).
19-07-2012
OPJEFTE
Foar de 8e edysje ha oant no ta (19 july 2012) 19 partoeren opjûn.
Dat binne de ferienings: Menaem, Tsjummearum, Jellum-Bears, Seisbierrum-Pietersbierum, Minnertsgea, Easterein, Lollum-Waaksens, Arum, St Anne, Peins, Raerd, St Jacob, Wynaam, Easterlittens, Boalsert, Dronryp, Wjelsryp (2) en Winsum.
De opjefte slút op freed 20 july 2012, 14.00 oere!
KRANSEN
Yntusken is it ek al in tradysje dat we de winners fan de Jong-Fammepartij utnoegje foar de Jong-Feinte. Net allinnich om by de Jong-Feinten te sjen, mar om de winners fan de Jong-Feintepartij de krânsen om te hingjen.
Dit jier binne dat de Jong-Fammen fan Berltsum: Ilse Tuinenga, Anke Zwart en Harmke Siegersma!
De Jong-Feinte
Op de 4e woansdei fan july is de 8e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier.
Woansdei 25 july 2012 giet it om 11.00 oere hinne en sneon 21 july 2012 is de lottingfan de wedstriid om 20.00 oere yn it ferieningsgebou op sportpark “De Skoalleseize”.
De 7e edysje yn 2011 is wûn troch Frentsjer mei Jan Hof,Erik de Groot en Patrick Scheepstra.
Neist de wikselpriis de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei prizenjild. Al mei al in prizenpot fan sa’n € 2.000,-!
We ha it fertrouwen dat de 8e edysje wer yn de smaak falle sil by keatsers en publyk.Wy winskje de keatsers in protte sukses ta en alle oare belangstellenden in prachtige keatsdei ta op dizze Jong-Feintepartij yn Easterein!