Jong-Feinte 2016: 1e omloop

Ferslaggen

1. Easterein – 2. Doanjum

Easterein, de ferliezend finalist fan de foarige edysje, komme yn it earste earst 0-1 achter troch eigen fouten.

It folgende earst is foar Easterein as Jan foar de keats keert. Easterein rint troch nei in foarsprong fan 4-1 trochdat Doede Rients op 3-1 4-6 in sitbal slacht en dêrnei mei 1 keats Doanjum de bal bûten bringt.

Nei in skjin earst wurdt it 5-1 en yn it lêste earst slacht Jan 2 sitballen en komme se op 6-0 foar mei 1 keats. De bal giet bûten en debutant Doanjum ferliest fan Easterein mei 5-1 6-0.

 

3. Frjentsjer 1 – 4. Boalsert

In snelle partij foar de twa fan de priiswinners fan foarig jier, Boalsert (Hendrik Bouwhuis en Julian Faber). Dit jier keatse se mei Rutger Vallinga.

Yn it begjin makket Boalsert wol punten, mar pakke se gjin earsten. Frjentsjer keatst deeglik mei in goeie opslach fan Djurre en Allard en sterk perkspul fan Allard en Marco.

Yn it lêst tefolle opslach fouten fan Boalsert en it wurdt úteinlik útmakke op 5-0 6-4 as Hendrik Bouwhuis de bal kwea slacht.

 

5. Wytmarsum – 6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2

Wytmarsum begjint sterk en komt samar op in 3-0 foarsprong as op 2-0 6-6 Bart Reijenga yn it tuskenspul de bal boppe slacht.

Mar dan begjint Seisbierrum-Pitersbierrum te keatsen en gunne Wytmarsum gjin enkel earst mear. Se komme op in 3-4 foarsprong.

De lêste twa earsten wurde op seis gelyk ferkeatst en Seisbierrum-Pitersbierrum pakt de winst troch de keats foarby te slaan op 3-5 6-6.

 

7. Ingelum – 8. Ie

In spannende partij op de 1e list tusken Ingelum en Ie. It earste buordsje is foar Ie troch in sitbal op 6-6.

Dan giet it gelyk op oant it ein. 1-1, 2-2, 3-3, 4-4. Ingelum komt as earste op de fiif earsten, mar op in stân fan 5-4 0-6 kin Ie de keats behâlde en makket fiif buordsjes gelyk.

Op 5-5 4-6 en ien keats bringt Ie de bal nei it perk en Ingelum kin de keats net foarby slaan. Ie is troch nei de twadde list.

 

9. Dronryp – 10. Wjelsryp

Dronryp keatst deeglik en slacht in protte ballen de hoeken yn en boppe. Wjelsryp bliuwt lekker trochkeatsen en jout net op.

It giet dan ek gelyk op de earste earsten. Op 3-2 6-2 slacht Wjelsryp de bal bûten en dêrmei komt Dronryp op in foarsprong fan 4-2.

It tredde buordsje foar Wjelsryp komt noch op in stân fan 4-2 4-4 wannear Wjelsryp beide keatsen pakt.

Op 5-3 6-6 slacht de foarynse fan Wjelsryp de bal fan Dronryp kwea en dêrmei komt Dronryp yn de twadde omloop.

 

11. Frjentsjer 2 – 12. Grou

Grou hat in sterk perk en Dirjan Bouma stiet foar best op foaryn. De partij giet hurd en Grou rint samar út nei in foarsprong fan 0-5.

It hat dan twa kear 6-6 west en op 0-5 6-6 wurdt it foar de tredde kear 6-6. Frjentsjer 2 slacht de bal boppe en pakt it earste buordsje en bliuwt enthousiast.

Dan in rap earst troch fouten fan Grou (trije kear bûten) en it wurdt noch 2-5. De striid fan Frjentsjer 2 eindigt op 2-5 4-6 wannear se de keats net foarby slaan.

 

13. Makkum  – 14. Achlum

By Makkum stiet Jelle Attema, oars opslager, yn it perk. Se pakke de buordsjes ien foar ien en komme samar op in foarsprong fan skjinne fiif earsten.

Op in stân fan 5-0 6-4 slacht Jouke Vlasbloem fan Makkum de keatsfoarby en dêrmei binne se troch nei de twadde list.

 

15. Tsjummearum – 16. St Anne

Tsjummearum keatst sterk en jout gjin earst fuort. Se komme op 1-0, 2-0, 3-0, 4-0 en ferfolgens 5-0.

Op 5-0 4-6 pakt St. Anne oan de opslach it earste buordsje. Op 5-1 6-4 bringt St. Anne de bal nei it perk en Tsjummearum slacht de keats foarby.

Tsjummearum troch nei de twadde list.

 

17. Minnertsgea 2 – 18. St Jabik

By Minnertsgea 2 tsjin St. Jabik stiet it 1-3 2-6 en leit der 1 keats wannear St. Jabik de bal nei it perk bringt. In hege bal, mar Minnertsgea pakt de keats, 4-6.

Wer in keats en Minnertsgea bringt de bal bûten wêrtroch St. Jabik op in foarsprong fan 1-4 komt. Op in stân fan 1-4 6-6 en 1 keats slacht Minnertsgea op en St. Jabik slacht de keats foarby en makket 1-5.

St. Jabik giet troch nei de twadde list mei in winst fan 1-5 2-6.

 

19. Berltsum 2 – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1

Seisbierrum-Pitersbierrum 1 nimt in foarsprong fan 1-3, mar Berltsum komt brutaalwei lâns en pakt 3-3.

Dêrnei sit Seisbierrum-Pitersbierum goed yn it spul en rinne se deeglik út nei in 3-5 foarsprong.

Op 3-5 4-6  bringt Berltsum 2 de bal foar en sa giet Seisbierrum-Pitersbierrum 1 troch nei de twadde list.

 

21. Berltsum 1 – 22. Bitgum

Berltsum komt foar mei 4-0 en Bitgum pakt it earste buordsje op in stân fan 0-4 6-2 wannear de bal fan Berltsum bûten de linen giet.

Op 4-1 6-4 behâld Berltsum de keats en meitsje se 5-1. Op 5-1 6-2 bringt Berltsum de bal foar en krijt Bitgum noch in kâns, 5-1 6-4.

It wurdt 6-6 en op dizze stân bringt Berltsum in moai bal tuskenyn en der komt in keats, Bitgum oan de opslach en se meitsje it dêr út.

 

23. Minnertsgea 1 – 24. Wommels

In blier Wommels kin it lang net risse tsjin Minnertsgea 1 mei PC keatser Marten Bergsma. Se dogge ferskuorrend hun best, mar se ferlieze mei 1-5 6-2.

Minnertsgea 1 is troch nei de twadde list.

 

25. Jelsum-Koarnjum-Britsum – 26. Lekkum

Jelsum-Koarnjum-Britsum stiet 2-0 6-0 foar en mei 1 keats bringe se de bal nei it perk ta. Se behâlde de keats en komme op in 3-0 foarsprong.

In earste buordsje foar Lekkum wannear Jelsum-Koarnjum-Britsum de keats net foarby slacht 3-0 6-4. Op 3-1 4-4 en Lekkum oan de opslach, pakt Jelsum-Koarnjum-Britsum beide keatsen en dêrmei in 4-1 foarsprong.

It wurdt 5-1, mar Lekkum is noch net útkeatst en pakt in spul. Op 5-2 6-2 makket Jelsum-Koarnjum-Britsum it út en is troch nei de twadde list.

 

Utslaggen

1. Easterein – 2. Doanjum 5-1:6-0
3. Frjentsjer 1 – 4. Boalsert 5-0:6-4
5. Wytmarsum – 6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 3-5:6-6
7. Ingelum – 8. Ie 5-5:4-6
9. Dronryp – 10. Wjelsryp 5-3:6-6
11. Frjentsjer 2 – 12. Grou 2-5:4-6
13. Makkum  – 14. Achlum 5-0:6-4
15. Tsjummearrum – 16. St Anne 5-1:6-4
17. Minnertsgea 2 – 18. St Jakob 1-5:2-6
19. Berltsum 2 – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 3-5:4-6
21. Berltsum 1 – 22. Bitgum 5-1:6-6
23. Minnertsgea 1 – 24. Wommels 5-1:6-2
25. Jelsum-Koarnjum-Britsum – 26. Lekkum 5-2:6-2