Skip to content

Ferslaggen

 

21. Berltsum 1 – 25. Jelsum-Koarnjum-Britsum

It earste buordsje is foar Berltsum yn dizze earste heale finale. Op in stân fan 1-0 4-6 komt der in keats by de opslach en Berltsum mei dizze ferdedigje.

It is earsten gelyk en 4-4 en Jelsum-Koarnjum-Britsum pakt as earste de 6 troch in sitbal. It wurdt 1-2 foar Jelsum. It folgende earst giet rap en nei 0-6 pakt ek Jelsum it tredde buordsje.

Op in stân fan 1-3 4-6 en in keats bringt Berltsum de bal nei it perk en Jelsum pakt de keats en dêrmei de fjouwer earsten. Ek yn it folgende buordsje wurdt der om de punten fochten.

Op 1-4 4-4 lizze der twa keatsen en Jelsum mei dizze keatsen oan de opslach ferdedigje.  Jelsum pakt beide keatsen en dêrmei in 1-5 foarsprong. Berltsum prebearret it wer yn it folgende buordsje en komt 6-0 foar.

In lytse keats en Berltsum oan de opslach mar se hâlde de keats net, 6-2. Dan is dêr it twadde buordsje foar Berltsum as Kevin Jordi Hiemstra de bal kwea út slacht.

Op 2-5 0-2 lizze der twa keatsen en Jelsum pakt de earste troch in djippe sitbal. Ek de twadde keats is foar Jelsum. Op in stân fan 2-5 2-6 makket Jelsum-Koarnjum-Britsum it út troch in sitbal.

 

6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1

Troch opslachfouten fan Seisbierrum-Pitersbierrum 1 komt Seisbierrum-Pitersbierrum 2 op in 1-0 foarsprong nei in skjin earst.

It wurdt earsten gelyk troch in boppeslach fan Kees v/d Schoot op 1-0 2-6. It earste partoer pakt as earste it spul, mar makket dêrnei wer fouten en it wurdt 1-2 6-0.

Jan-Sjouke Weewer slacht de bal boppe en sa wurdt it spullen gelyk. Johannes v/d Veen herstelt sich en bringt syn partoer op 6-2 troch trije sitballen en 1 bûtenbal.

Op dizze stân fan 2-2 2-6 komt der in keats en Durk Ennema slacht op en Pieter v/d Schoot slacht de bal fier oer alles hinne, 2-3. Op 2-3 2-6 slacht Joran Gerbranda de bal kwea út en sa komt it earste partoer op in 2-4 foarsprong.

It is 2-4 4-6 en Seisbierrum-Pitersbierrum 2 moat in lytse keats ferdedigje oan de opslach. Durk prebearret it mei in hege bal mar dy giet bûten, 2-5 foar it earste partoer fan Seisbierrum.

Op 2-5 2-0 pakt Seisbierrum 2 de earste keats, 4-0. De twadde keats wurdt pakt troch Seisbierrum 1, 4-2. Der leit 1 keats op in stân fan 2-5 4-6 en Pieter v/d Schoot makket de partij út mei in boppeslach. 

 

Utslaggen

21. Berltsum 1 – 25. Jelsum-Koarnjum-Britsum 2-5:2-6
6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 2-5:4-6
Back To Top