Skip to content

 DSC05797

 

22. Frjentsjer – 2. Winsum

Frentsjer mei in sterk perk makket in 2-0 foarsprong. Der is moai tuskenspul. 6-4 kwea Allard > 6-6. Poer bêst op, keats 5/6 meter. Evert Pieter foaryn, kweaslach. 2-1; 3-1 snel earst, bûten Winsum; 4-1 overtuigend; 5-1 sitbal Allard; 5-1 6-4 Frensjer slacht bûten, retourneart fanôf de boppe. Allard kin der ûnder skikke en slacht de bal asnoch boppe. Frentsjer is finalist. Frentsjer stiet foar de 3e kear yn de finale fan de Jong-Feinte; yn 2011 winne se it fan Tsjummearum en yn 2014 wurdt der ferlern fan Seisbierrum-Pitersbierrum.

 DSC05791

DSC05805

 DSC05813

DSC05814

 

 

8. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 – 15. Menaem

Zitbal Youri 0-1. Seisbierrum keart foar de keats, 1-1. 6-6 ûnderhâns kwea Joran, 1-2. Fliegende sitbal fan Durk Ennema op 1-2 6-4. 2 earsten gelyk, it giet moai lyk op. 2-2 6-4 Durk Ennema slacht de bal op. De keats, by de opslach, wurdt net foarby slein. 3-2 foar Seisbierrum-Pitersbierrum. 3-2 2-6 keats by de boppe, wederom Durk Ennema slacht in prachtige sitbal. 6-4, der komt in keats by de opslach. Tom Gerard Cats mei de keats ferdedigje, bringt de bal foaryn. Joran Gerbrandy slacht de bal boppe, 6-6. Tom bringt de bal heechop achteryn. Disse falt krekt bûten de lynen 4-2 foar Seisbierrum-Pitersbierrum. Sterk, snel earst fan Seisbierrum. 5-2. Yn it lêste earst komt Menaem noch op 0-4, mar troch 3 foute opslaggen komt Seisbierrum-Pitersbierrum op 6-4. Der folget in keats en de opslach fan Durk Ennema wurdt troch Tycho de Groot krekt kwea slein. Foar Seisbierrum de 4e kear dat se yn de finale stean. Yn 2013 de 2e priis nei in ferlies tsjin St. Anna, yn 2014 en 2016 wie der winst.

DSC05803

DSC05818

DSC05822

DSC05824

 

Back To Top