Jong-Feinte – 3e omloop
It aventoer fan Menaem op de tredde list duorre net lang tsjin Seisbierrum-Pietersbierum 1. De earste buordsjes wurde ferdeeld, mar fanôf de 1-2 foarsprong set Seisbierrum-Pietersbierum in sprint yn. It wurdt 1-5 0-6.
St. Anne nimt it op tsjin Frjentsjer 2 yn de tredde omloop. Se rinne frij maklik út nei de 5-0 foarsprong, mar dat lêste earst is ek belangryk! Frjentsjer komt werom mei 5-1, 5-2, mar dan op 5-2 6-6 makket St. Anne it út.
Frjentsjer 1 keatst tsjin Easterlittens dy’t al goed fan sich ôfslein hat oant no ta. Ek yn dizze partij liket Easterlittens it oerwicht te hawwen mei in 3-5 foarsprong. Easterlittens komt yn dit lêste buordsje op in 0-6 foarsprong en dan kin balkearder Ruben Bonhof in lytse keats hâlde. Simon Zijlstra makket it út troch dizze keats foarby te slaan.
3e omloop | |||||||||
23) Menaem | – | 1) Seisbierrum-Pietersbierum 1 | 1 | – | 5 | : | 0 | – | 6 |
6) St Anne | – | 7) Frjentsjer 2 | 5 | – | 2 | : | 6 | – | 6 |
12) Frjentsjer 1 | – | 16) Easterlittens | 3 | – | 5 | : | 0 | – | 6 |
20) St Jakob |