Freed 31 augustus hienen we de teams fan Nederlân, Meksiko en Frankryk te gast yn Easterein foar de poulewedstriden Llarques fan it WK Kaatsen 2012. In prachtich evenemint, lykas it hiele WK. Sneon gie it fuotbal ek wer los en it wie it wykein fan de lêste wedstriden foar de jongerein, de slotwedstriden. Snein wie de lêste ledepartij op it fjild.
SNEIN 2 septimber
FERIENING
De Jong-partij
Snein wie de lêste ledepartij. De krânsen wienen by de froulju foar Wiepkje Hiemstra en Lysbet Bakker en by de manlju foar Christian Hoekstra, Jan Vellinga en Han Kooistra. Sjoch foar ferslach en foto’s by Wedstriidynformaasje, Utslaggen, Leden.
FEDERAASJE
Itens-WSJ-partij
Snein wie ek de tradisjonele WSJ-partij yn Itens. Der stienen mar 13 manlju op papier. Der ûnder ek Simon Kingma dy’t mei Tjeerd Bergema de krânse wûn.
KNKB
Penjum – Manlju haadklasse útnoeging
Jelte-Pieter Dijkstra wint mei Hylke Bruinsma, Minnertsgea en Marten Feenstra, Feinsum de útnoegingspartij yn Penjum. Yn de finale wûnen hja mei 5-4:6-4 fan Johan van der Meulen, Damwâld, Pieter Jan Plat, Ljouwert en Hans Wassenaar, Tsjummearum.
Foar Jelte Pieter wie it syn earste krânse op in haadklassewedstriid.
De tredde priis wie foar Dirk Yde Sjaarda mei Erik Haitsma, Wommels en Thomas van Zuiden, Tjerkwert.
Makkum – Froulju haadklasse frije formaasje ûnbeperkt
Der wie in 3e priis foar Marije Hiemstra en Imke vd Leest mei Aukje van Kuiken.
Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl