Keatskamp programmaboekje 6-4-2017
Keatskamp nûmer 4 tige slagge!
Moandei 24 april. In Skoalleseize fol mei flaggen fan allegear ferskillende lannen. In kleurich en fleurich gehiel mei bern dy’t langsum binnendrippelje. Gjin bern wurdt op dat momint fertroud by de dûane. Tassen iepen, troch de sken en ekstra kontrôle by knisperjende kessens (lês: kessens mei ferstoppe sjipspûden) of by dekbêden fan bepaalde fuotbalklups. Elk bern hat syn plak fûn mei opblazen luchtbêden, sêfte kessens en foaral folle tassen mei in soad lekkers. It is dúdlik: se binne ree foar it kamp!
Lykas foarich jier wienen de bonuspunten tidens dizze dagen net oan te slepen. De punten leinen sels yn de hannel mei echte ‘keatskamp euro’s’. Neist de punten dy se helje koenen by trainingen en rekreaasje, wienen sawol de trainers as de bern kreatyf genôch om dêrneist noch ekstra punten te fertsjinjen (te litten). De groep fan de skoaljeugd luts oan it langste ein. Sy hienen oan it ein op woansdei de measte punten en stienen dêrom deselde middei noch yn de glêzen bokaal skreaun. Wat in feest!
Wat gong it moai en hast allegear fansels dit jier. De sinne liet it meastentiids ôfwitte, mar gelokkich hienen we te krijen mei bikkels en foel it waar úteinlik reuze mei. Oan it ein fan it kamp hienen we it der tafallich oer mei de lieding en it foel dit jier op dat de bern sa min pypten. Eins hielendal gjin geseur of gejammer. Geweldich sis, we misten it. Hast in tige slagge kamp dus. In kamp dat net te organisearjen wie sûnder de help fan in hiel soad hannen. Graach wolle wy jimme allegear tige tank sizze foar dizze help. Foar de trainingen, it motivearjen, sa no en dan bystjoeren, de grapkes, it fjild lizzen en wer opromjen, it ôfwaskjen, it dwaan fan spontane spultsjes mei de bern, it meitinken, it bakken en dy grutte poarsje entûsjasme by dit alles. Top, wy binne der wiis mei! Anna, Froukje, Iris en Tineke ha as PR besocht alle aksjes, weetjes en roddels fan alle kampgongers fêst te lizzen. Dêr is dit kampkrantsje útkommen. Sy, mar wy ek, hoopje dat jim noch efkes hearlik neigenietsje fan de ferhalen en foto’s fan keatskamp 2017. Hâld ek facebook.nl/keatskamp yn de gaten, wêr ynkoarten in oersjoch komt fan alle foto’s en filmkes.
Protte lêswille en dan graach oant oar jier!
Marco, Marije, Sieta en Imke
Keatskamp KF Easterein 2017
Programma
Moandei 24 april
13.00 oere Sammelje op it keatsfjild, sliepspul te plak
14.00 oere Ôftraap keatskamp en klearmeitsje foar it trainen
15.00 oere Trainen
17.00 oere Ûnder de brûs
18.00 oere Waarm ite
18.30 oere Kabouters gean nei hûs (graach ôfmelde by de trainer)
19.00 oere Rekreaasje
21.30 oere Sliepen jongste dielnimmer
21.30 oere Aktiviteit skoaljeugd
22.00 oere Sliepe âldste dielnimmers
Ferslach dei 1: Moandei, 24-04-2017
Fannemidje om 1 oere presys, gong it fjirde keatskamp yn Easterein fan start mei it tema ‘Op Reis’. De bern moasten dan ek bij binnenkomst mei harren bagaazje troch de dûane. Foar de dûane moasten de reizgers harren flessenpost ynleverje foar
bonuspunten. Mei de kabouters oan kop begûn sy oan de striid foar de wikselbeker, de skoaljeugd reizgers ha een lytse fertraging oprûn omdat der net genôch flessen ynsammele wiene. Bij de dûane bleek dat der fan alles mei smokkele waard, wêr ûnder in protte snobbersguod. Nei dat de reizgers harren plak fûn ha yn Hotel ‘Skoalleseize’, begûn de syktocht nei de nije Keatskamp shirts. Dêrnei wie it tiid om de hannen út de mouwen te stekken en it trainingsfjild op te stappen. Nettsjinsteande it minne waar, stiene de echte bikkels op it fjild te keatsen.
Nei de training yn waar en wyn wie it tiid foar de brûs. Nei een besykje oan de brûs wie it tiid foar de broadsjes mei knakwoarsten! Dit smakke hearlik.
Om sân oere hinne wie it tiid foar de spultsjes! Tommewrakseljen, toerke bouwe, lykwicht spultsje, in priuwspultsje en ta beslút in spultsje wêrby de bern elkoar de sokken út lûke moasten. Bij dizze spultsjes fleagen
de bonuspunten yn it rûn. De bern fan it kamp wiene noch hielendal net wurch, dus doe wie it tiid foar Madagaskar
trije mei sjips en limonade. Om moarn wer fris op it fjild te stean wie it foar de welpen en pupillen tiid om de bêden op te sykjen en de lûkjes te sluten.
De skoaljeugd kaam foar in ferrassing te stean… mei de blyndoek foar
de eagen waarden sy dropt. Fanôf Meildhuzen moasten de bern troch lannen en sleaten it paad werom sjen te finen.
Programma dei 2: Tiisdei 25 april
07.30 oere Moarnsrin skoaljeugd
08.00 oere Opstean
08.00 oere Kabouters binne wolkom
08.15 oere Moarnsbrochje
09.00 oere Klearmeitsje foar it trainen
09.30 oere Trainen
12.00 oere Lunchen
13.00 oere Rekreaasje troch it doarp
15.00 oere Trainen
17.00 oere Ûnder de brûs
18.00 oere Waarm ite
19.00 oere Taberiede ‘Bonte jûn’
20.00 oere ‘Bonte jûn’ mei nei ôfrin disko. Besikersmomint foar freonen en famylje!
Bonte jûn is oant ± 21.00 oere (graach ôfmelde by de trainer)
Kabouters binne frij om te bliuwen as om no nei hûs ta te gean.
22.00 oere Sliepe jongste dielnimmers
Sliepe skoaljeugd
Ferslach dei 2 – Tiisdei, 25-04-2017
Dei twa is oanbrutsen, de skoaljeugd is justerjûn wer feilich yn ‘Hotel Skoalleseize’ werom kaam. Wylst de skoaljeugd fannemoarn betiid alwer in moarnsrin hie, ha de welpen de tafels dekt foar it moarnsbrochje. Ek de kabouters ha fannemoarn wer yntsjekt yn it hotel. Nei it iten wie it tiid om wer te trainen. De trainingen waarden ôfwiksele mei rein en sinne, dêrom hiene we hjoed wat faker skoft. De bern ha wer goed harren best dien en de kabouters binne sels oan it koekhappen west. Dit fûnen se machtich. Dêrnei wie it tiid foar een stikje bôle mei wat lekkers.
Nei it iten wie it wer tiid foar de rekreaasje. De bern moasten troch it doarp spultsjes dwaan wêrby se jild fertsjinje koene foar bonuspunten. Mar dit gong net sa makkelik. De dûane koe it jild wer ôfpakke troch se te fouilleren, de bern moasten it jild dus goed ferstopje. Yn it shirt, de broek of sels yn de sokken, jo wolle net witte wêr it allegearre siet. Der wiene in soad ferskillende spultsjes sa as, rûntsjes om de tsjerke drave, jild sykje, parcours ôflizze, big-bag-sek-springe en polsstokspringe. De bern binne in soad jild ferlen, mar ek hiene se noch in hiele protte wat se dêrnei earlik ferdiele moasten. Der kaam sels de rekkenmasjine oan te pas. Doe de bonuspunten ferdield wiene, waarden de trainingsklean wer oanlutsen foar de lêste keatstraining. Twa oeren trainen wie in lang ein foar de bern, dêrom wie der sa no en dan in spultsje tuskentroch.
Doe wie it alwer tiid foar de brûs. Dizze foldie sa best, dat sels healwei it iten der noch trije famkes ûnder de brûs wei komme moasten. Dêrnei gongen we mei syn allen hearlik smikkeljen fan de troch de âlders makke makaroany. Mei in folle mage en oranje toeten wie it tiid om harren ta te rieden foar de bûnte jun. Dit wie in jûn fol mei leuke tonielstikjes, in quiz, playbackshow en sels noch in optreden fan twa echte rockstjerren. Dizze jûn eindige fansels yn in echte disko wer’t flink dûnse waard. Dit soarge foar wurge fuotten wêr troch ús toeristen harren gau werom lutsen yn harren hotelsuite.
Nei dizze twa dagen fan striid om de bonuspunten stean de welpen famkes oan kop. Soene sy dit jier de ferneamde keatkamp bokaal winne?
Programma dei 3: Woansdei 26 april
07.30 oere Moarnsrin skoaljeugd
08.00 oere Opstean
08.00 oere Kabouters binne wer wolkom
08.15 oere Moarnsbrochje
09.00 oere Opromje en ynrin rekreaasje
10.00 oere Ronde 1
11.30 oere Pankoek ite
12.00 oere Ronde 2
13.30 oere Ôfsluting keatskamp, elts giet wer nei hûs
Ferslach dei 3 – Woansdei, 04-05-2016
De dei begûn betiid foar de lieding. De pupillen, folge troch de welpen, stoarmden mei kessen en al de hotelsuite fan de lieding binnen en in heus kessengefjocht wie begûn. Dit wie it begjin fan alwer de lêste dei fan it keatskamp.
Neidat de kabouters ek wer fris en fruitich yn Hotel ‘Skoalleseize’ ferskinen, en de skoaljeugd wer werom kamen fan de moarnsrin, koe elkenien oan skowe by it moarnsbrochje. D’r waard goed iten, alles moast ommers op, en d’r stie nog in lange dei mei wedstriden en spultsjes op it programma.
Foar dat al dit leuks begjinne koe, moasten de reizgers toch earst de koffer ynpakke en de suite opromje.
As dit klear wie, mochten se begjinne mei de spultsjes. Tidens de spultsjes koene d’r in protte bonuspunten fertsjinne wurde. De bern wiene dan ek hiel fanatyk oan it striden foar de winst.
Dernei wie it momint wêr’t elkenien it hiele kamp op wachte hat. Tiid om pankoeken te iten. De pankoeken wiene hast net oan te slepen en út ferhalen blykt dat hast elkenien wol fjouwer pankoeken op iten hat. Mei in folle mage waard d’r begûn oan de wedstriden. Twa tsjin twa waard d’r aktyf keatst om de eare. De útslaggen binne ek yn dit kampkrantsje te finen.
Doe kamen we dan dochs by it einde fan it keatskamp oan. De âlders streamden sa stadich oan binnen om ús toeristen op te heljen. Foar dat de bern úttsjekke koene, krigen se earst harren keats-diploma en der waard fansels bekind makke wa de Keatskampbokaal wûn hat. Dêr ha de bern ommers de hiele wike foar striden. De groep dy’t wún hat is: Skoaljeugd!
Al mei al in prachtich ein fan it fjirde keatskamp yn Easterein. Wy hoopje elkenien oar jier wer te sjen.
Oant oar jier!