Skip to content

Ferslach Keatskamp 2024

2 maaie, it wie einliks safier, KEATSKAMP 2024!! Dit jier gong de striid tusken 2 teams, de cowboys en de indianen. De dei begûn mei in moai startspul foar de earste punten! Touwlûke om fansels safolle mooglik bonuspunten te fertsjinjen en it spultsje wa kin lieder Johan it snelst fan de rodeo stier ôfkrije? De bern hienen der mar 5 seconden foar nedich! Dêrnei hiene de bern in oerke pauze en waard der goed gebrûk makke fan it buikskûven en de springkessens! Wy hienen prachtig waar derby en eltsenien hie der sin yn. Us tradysjonele dronefoto waard dit jier in stjer mei fansels de cyfers 11, fan ús 11e edysje Keatskamp alwer! Nei in glêske limo en in yntroduksje fan ús keatsstjerren Steven Koster en Jeska Terpstra, begûn de keatsclinic. 3 oeren fol mei leareksum mar foaral ek leuke oefeningen. Dêrnei noch in partij keatsen tsjin elkoar. Fotograaf Henk Bootsma wie der ek by om alles fêst te lizzen. Nei it keatsen, dûnsje en gekjaaien wie it tiid foar in lekker bakje patat mei in snack derby.

Nei it iten wie der romte om te oefenjen foar de bonte jûn en mochten de bern noch efkes lekker boartsje. Dêrnei wie it tiid foar de bonte jûn mei fantastyske acts. Make-up, aaien, dûnsjes en kwissen kamen der foarby! Oan it ein noch de tradysjonele stoelendans dy’t dit jier wûn waard troch de bern! De lieders koenen it dit jier helaas net winne fan de bern. Oan it ein noch in lytse disco en dêrnei lekker op bêd om fansels te “sliepen”.

Moarns om 7 oere waarden de earste bern en lieders wekker! It waar wie hjoed wat minder, mar de gesellichheid wie der net minder om! De lêste lieders waarden wekker makke mei in kessengefecht en dêrnei koenen wy de dei wer begjinne! Sporte kin fansels net sûnder enerzjy, dus begûnen wy de dei mei in gesellich ûntbijt. Dêrnei wie it tiid foar de moarns gym mei oanslutend spultsjes wêrby de teams wer punten fertsjinne koenen foar harren team. It soe noch in spannende striid wurde mei in tuskenstân fan 37 tsjin 39.

De bern gongen yn lytse groepkes by de spultsjes del. Per groep koenen de bern fansels wer in protte punten fertsjinne foar it skoareboerd. Dêr waard fanatyk gebrûk fan makke! Nei de spultsjes rûn it puntenaantal op nei 467 foar de Cowboys en 469 foar de Indianen. Op ‘en nij spannend wa’t der winne soe. Alles hong ôf fan de lêste keatswedstryd wêrby in partoer fan de Indianen tsjin in partoer fan de Cowboys striede soe om de measte earsten/punten te skoaren en dêrmei ek mei de winst nei hûs ta gean. En dat waarden de Indianen! Wy sjogge werom op in prachtige 11e edysje fan it keatskamp!

Back To Top