Skip to content

We binne wer los!

It keatsseizoen 2016 is begûn en de 1e ledewedstriid is ferkeatst op woansdei 27 april, in kâlde mar moaie dei!. En yn it wykein de 1e KNKB partijen yn Fryslân mei fuort al moaie suksessen yn û.o. Weidum, Penjum en Marsum.

TIP: Klik op it Plak – Soart wedstriid foar it wedstriidferslach op de KNKB-site

 

Woansdei 27 april

Easterein – Keningsdei

Sjoch foar it ferslach en foto’s by: Wedstriidferslaggen, Leden

 

Sneon 30 april

Berltsum – Manlju 50+ t.i.l.

In 2e priis foar Simon Kingma mei Klaas Sobel (Tytsjerk) en Age van der Goot (Goënga). De finale wurdt ferlern mei 5-0:5-4.

 

Snein 1 maaie

Weidum – Manlju haadklasse ôfdieling

Op de Bangmapartij yn Weidum steane Easterein 1 mei Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer op de list tsjin it sterke Minnertsgea en hja ferlieze de 1e omloop. Easterein 2 mei Doede Rients Okkema, Rémon Tie Bouma en Marten Faber winne de 1e omloop fan Weidum en de 2e omloop fan Deinum. Om’t se moai yn de list sitte, ha se dan in steand nûmer en komme yn de heale finale tsjin Minnertsgea en ferlieze dat mei 5-2:6-2. In moaie 3e priis op de Bangmapartij!

20160501 WeidumManljuhaadklasseOfd

 

Penjum – Froulju haadklasse t.i.l.

Op de haadklasse froulju yn Penjum is it fuort rekke foar Sietske Okkema! Se komt yn de krânsen mei Sjoukje Visser en Louise Krol. De finale wurdt mei 5-1:6-2 wûn fan Martine Tiemersma dy’t mei Elly Hofman en Sjanet Wijnia de 2e priis winne.

20160501 PenjumFrouljuhaadklasse1

20160501 PenjumFrouljuhaadklasse2

 

Marsum – Froulju 1e klasse t.i.l.

Yn Marsum is it Tineke Dijkstra dy’t de krânse wint mei Anouk Tolsma en Anne Monfils.

20160501 MarsumFroulju1eklasse

 

Surch – Famkes t.i.l.

Mirjam Punter wint mei Andrea Kroes (Gauw) en Anna Ennema (Sexbierum) in 3e priis. Se ferlearen de heale finale tsjin de lettere winners mei 5-2:6-2.

 

Winsum – Skoalfamkes t.i.l.

Yn Winsum de krânsen foar Roelie Kroondijk en Jeanet Bakker uit Berlikum.

20160502 WinsumSkoalfamkes

Ljouwert – Pupoillenjonges t.i.l.

In 3e priis foar Rutger Sijbesma en Redmer Wiersma. 

 

Back To Top