http://www.knkb.nl/pageid=13275/wdstid=
Freeds de grutte partij fan de Boeren PC, net sa troffen mei it waar, mar wol nei’t sin hân! En sneons de NK’s foar de skoalfamkes en skoaljonges en fansels de Jong-Fammen yn Mantgum. En de sneins de pupillenjonges A+B te gast yn Easterein.
Sneon 2 july
Foar Easterein keatsten Tineke Dijkstra, Jeska Terpstra en Martine Tiemersma. Foar Tineke en Martine it lêste jier dat de mei dwaan meie oan de Jong-Fammen. Yn 2011 hiene se de Ald-Meiers wûn mei Jelien Pompstra en Tineke en Martine hiene it foarstel dien om dan mei syn trijen ek nei de Jong-Fammen te gean. Mar Jelien kaam krekt werom fan har staazje út Alaska en sa kaam it dat talint Jeska Terpstra mei gie. Foar de begelieding waard Klaas de Jager ree fûn om mei te gean!
De 1e omloop wurdt wûn fan Berltsum mei 5-4:6-4 en it gie hartstikke moai. Ek de 2e omloop wurdt wûn, dit kear fan Wergea mei de dúdlike sifers fan 1-5:4-6. Foar in finaleplak moast der keatst wurde tsjin buordoarp Wommels mei it slutende partoer. De Jong-Fammen fan Easterein koene eilaas gjin fûst meitsje en ferlearen dit mei 1-5:4-6. Wommels kaam yn de finale tsjinoer Dronryp en nei 1-4 efter komme se 5-4 foar en op 6-4 wint Wommels de Jong-Fammepartij.
Moarre-Lioessens – NK Skoalfamkes
De skoalfamkes Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk wiene alris Nederlânsk Kampioen wurden yn de pupillenfamkes en hiene dit seizoen ek alris in ôfdielingswedstriid wûn. Mei in moaie delegaasje en fansels coach Ype Tiemersma op reis nei Moarre-Lioessens.
De 1e omloop winne se fan Goeiïngea mei 5-0:6-4 en ek de 2e omloop wurdt wûn fan Workum mei 0-5:2-6. Dan komme se grutte rivaal Seisbierrum tsjin op de 3e list foar in finaleplakje. Se komme in spul foar en sels 2-4 en steane op winst by de stân 4-5:2-6, mar dochs wit Seisbierrum op 5-5 te kommen en yn it lêste earst slacht Seisbierrum ta mei foaral de opslach en wint it mei 5-5:6-2. Tige spitich en troch de Whatsapp-útslaggen groep en Twitter libben in soad minsken mei! Seisbierrum komt yn de finale en wint it fan Makkum mei 5-4:6-4.
Dit wie al de 3e kear dat Easterein op de list kaam yn in partij om de finale as neat. Op it NK famkes, by it NK Skoalfamkes en by de Jong-Fammen. Eilaas foel it elke kear de oare kant út.
Snein 3 july
Trije Eastereinder froulju yn de prizen op de haadklasse. De 3e priis wie foar Marije Hiemstra mei Marte Altenburg en Manon Scheepstra. Se ferlieze de heale finale op 5-5:6-6 fan Sietske Okkema, Sandra Hofstra en Anne Monfils dy’t yn de finale komme tsjinoer Imke van der Leest, Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia. Nei in spannende striid winne Imke endy mei 5-5:6-4.
In 3e priis foar Roel Sijbesma mei Johan Hiemstra en Piet Machiela
In 3e priis foar Janieke Dijkstra mei Jeanette Jansma en Melissa Rianne Hiemstra.
Yn de A-klasse de krânse foar Jeska Teprstra mei Andrea Kroes en Kim Dijkstra
In 3e priis yn de B-klasse foar Jelmer Brouwer mei Johan Cnossen.
Sjoch foar ferslach en foto’s by 03-07-2016 – KNKB Pupillenjonges
Letter mear …