It wykein fan it lustrum fan ‘Bring de keatsers by it keatsen’! Dit jier de primeur foar Nylân dêr’t de Federaasjedei mei oanslútend de haadklasse manlju en froulju. Tige goed foar elkoar en hulde oan de kommisje, de ferienings en de organisaasje yn Nylân.
Sneon 6 juny
Nylân – Haadklasse froulju t.i.l.
Imke van der Leest kaam mei Lisette Wagenaar en Sjanet Wijnia yn de finale, mar ferlearen dat mei 5-1:6-4. Der wie in 3e priis foar Martine Tiemersma mei Rianne Vellinga en Renske Terwisscha van Scheltinga. Se winne mei 5-4:6-6.
Jelte-Pieter Dijkstra, Pieter Jan Plat, Erwin Zijlstra winne de finale fan Elgar Boersma, Kees v/d Schoot, Pieter v/d Schoot emi 5-5:6-4.
Yn Reduzum kaam it partoer Okkema yn de prizen. Sietske Okkema stiet mei Everdyna de Haan en Maaike Osinga yn de finale. Op 5-5:6-4 waard dat ferlern. Yn de finale fan de ferliezersronde wie der in 2e priis foar Jelien Pompstra mei Elly Hofman en Franke Jager. Se ferlear fan har partoermaat Sandra Hofstra mei 5-5:6-4.
Yn de A-klasse de 2e priis foar Simon Kingma mei Roel Venema (Bolsward) en Johan Hiemstra (Sint Annaparochie). De 3e priis foar Sipke Hiemstra (Easterein) mei Jan Buitenga (Sint Nicolaasga) en Johannes Siegersma (Berltsum).
In 3e priis foar Corrie Kroondijk mei Elske Deinum (Wommels) en in 2e priis yn de ferliezersronde foar Roelie Kroondijk mei Joanne Elise Broeders (Ried).
Snein 7 juny