It wykein fan 2 NK’s wat foar de junioaren in prachtige 3e priis oplevere!
SNEON 8 JULY
Wier, NK junioaren
Bote Jellema, Rémon Tie Bouma en Doede Rients Okkema moasten it yn de 1e omloop opnimme tsjin Ie, se wûnen nei in spannende striid mei 5-4/6-4. Weidum wie de tsjinstanner yn de 2e omloop, ek dit wie wer tige spannend mar se wûnen mei deselde sifers as yn de 1e omloop. Nei in steand nûmer op de 3e list stiene de mannen yn de heale finale tsjinoer Frjentsjer, helaas wiene se tsjin dizze mannen net opbokst en ferlearen se mei 5-3/6-4. Al mei al prachtich keatst en in moaie 3e priis op it NK. Lokwinske mannen en coach Gert Jan!
Froubuurt, NK manlju 50+
Foar Easterein diene Sipke Hiemstra, Tjeerd Dijkstra en Simon Kingma mei oan it NK manlju 50+. Se fleagen maklik troch de 1e omloop hinne troch te winnen fan Berltsum mei 5-1/6-4. Nei in spannende striid yn de 2e omloop tsjin Sint Anne moasten de Eastereiner mannen belies jaan op de stân 5-5/2-6.
SNEIN 9 JULY
Reduzum, famkes, t.i.l.
1e priis A klasse: Roelie Kroondijk
2e priis A klasse: Jeska Terpstra
3e priis B klasse: Selma de Boer en Corrie Kroondijk
Rie, manlju, ôfdieling
1e priis: Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis, Bauke Dijkstra