Keatskes: 11-09-2016

De jongerein ha it seizoen de freeds ôfsletten mei de slotdei yn kombinaasje mei it nachtkeatsen en ek binne de kompetysjeprizen útrikt. De sneins wie it de Stiperdei, de dei dat de stipers útnoege wurde foar in potsje keatsen en efkes werom sjen nei it ôfrûne seizoen, mar ek efkes foarút nei de takomst.

 

Freed 9 septimber

 

Easterein – Slotdei en nachtkeatsen jongerein

Sjoch HJIR foar ferslach en foto’s

 

Marssum – Haadklasse froulju t.i.l.

In prachtige 2e priis foar Tineke Dijkstra mei Mintje Meintema en Marrit Zeinstra. Yn de finale wurdt ferlern mei 0-5:4-6.

20160909 MarssumHaadklasseFroulju 

Sjoch ek it moaie en wiidweidige ferslach op de website fan kv Foarut – Marssum.

http://kv-foarut.nl/algemeen/dames-knkb-hoofdklasse

 

 

Sneon 10 septimber

 

Goutum – Manlju 50+ A-klasse

Roel Sijbesma slút 50+ seizoen ôf mei de krânse! Mei Tjeerd Bouma en Ludwig Seerden wint hy de finale mei 5-1:6-6 fan Hendrik Eringa, Tiede Boorsma en Johannes Siegersma.

 

Goutum – Manlju 50+ B-klasse

Yn de B-klasse is de 2e priis foar Ype Tiemersma mei Auke Althof en Andries Idzerda. De finale giet ferlern op in folle tillegraaf, 5-5:6-6.

 

 

Snein 11 septimber

 

Easterein – Stiperdei

Yn Easterein waard in tige slagge Stiperdei hâlden mei fansels prachtige omstannichheden.

Sjoch HJIR foar ferslach en foto’s

 

Marssum – Haadklasse manlju t.i.l.

Jan Schurer komt yn Marssum yn de krânsen mei Bauke Triemstra en Dylan Drent.

20160911 MarssumHaadklasseManlju