Ek it ôfrûne wykein is der troch de Eastereiners wer om raak keatst op de Fryske fjilden. Hjirûnder folget wer ús wyklikse oersjoch fan de wichtichste barrens.
Mochten wy útslaggen misse, jou dit dan troch yn ús ‘keatsútslaggen-app’ of mail nei webbehear@kfeasterein.nl.
Woansdei 7 juny
Frjentsjer, jonges finale skoallekeatskampioenskippen
Yn Frjentsjer op it heilige gers fan it Sjûkelân waard de finaleronde ferkeatst fan de skoallekeatskampioenskippen. By de jonges wie der in moaie twadde priis foar De Foareker mei Redmer Wiersma, Redmer Stegenga en Jelmer Brouwer.
Tongersdei 8 juny
Stiens, KNKB manlju 50+ t.i.l.
Tidens de Stienzer Keatsdagen wie der in KNKB manlju 50+ wedstriid t.i.l. De krânse wie der foar Sipke Hiemstra, mei syn maten Ludwig Seerden (Frjentsjer) en Wybren van der Woud (Ljouwert).
Freed 9 juny
Stiens, KNKB froulju haadklasse t.i.l.
Mei deselde Stienzer Keatsdagen wienen de froulju haadklasse te gast op freedtemiddei. Ek hjir wie der Eastereiner sukses mei in krânse foar Martine Tiemersma en in tredde priis foar Imke van der Leest.
1e priis: Martine Tiemersma (mei Ilse Tuinenga, Berltsum en Marrit Zeinstra, Peins)
3e priis: Imke van der Leest (mei Manon Scheepstra, Huizum en Elly Hofman, Dronryp)
Sneon 10 juny
Makkum, KNKB NK famkes
De famkes hienen hjoed harren NK. Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Jeska Terpstra moasten yn de earste omloop oantrede tsjin it sterke Seisbierrum-Pitersbierrum. Op 5-5 6-4 moasten sy helaas belies jaan tsjin de lettere preemjewinners.
Pingjum, KNKB manlju 50+ frije formaasje B-klasse
1e priis: Tjeerd Dijkstra (mei Age van der Goot, Goënga en Gerrie Otter, Goutum)
2e priis: Sipke Hiemstra en Jan Vellinga (mei Henk Woppenkamp, Hauwert)
1e priis ferl. ronde: Roel Sijbesma (mei Joop Bootsma, Reahus en Germ Hallema, Jorwert)
Snein 11 juny
Boalsert, KNKB pupillen famkes t.i.l.
1e priis: Liset Sijbesma
3e priis: Marije Zijlstra
Dronryp, KNKB pupillen jonges t.i.l.
3e priis: Rutger Sijbesma