Skip to content

Noch oardel wike en dan binne we ta oan de 12 edysje fan de Jong-Feinte! Yn 2005 begûnen we foarsichtich… earst mar ris trije jier sjen hoe it giet. No, neffens K.F. Easterein, frijwilligers, parse, leden, stipers, publyk en foaral de keatsers dogge we it goed. As we sjogge nei 2015 wie dan yn alle opsichten ien fan de moaiste Jong-Feinte partijen.

 

Dat we sizze jimme, keatsleafhawwers, keatsers en doarpsbewenners fan Easterein, kom op de 4e woansdei fan july nei sportpark De Skoalleiseize en wês tsjûge fan ien fan de moaiste keatswedstriden yn Fryslân, fûleindige jonge keatsers mei wille en striid genietsjend fan it moaie spultsje en de sfear yn en om it fjild!

 

Jong-Feinte dei, in wiere keatsdei!

(sjoch op de side lofts ûnder Jong-Feinte foar alle ynformaasje en histoarje)


Sneon 16 july

Wommels – Froulju 1e klasse ff

Yn de finale yn Wommels stienen Tineke Dijkstra mei Hermine Sytema en Jeske de Boer en Sietske Okkema, Martine Tiemersma mei Martzen Deinum. Tineke endy winne dat mei 5-1:6-6.

20160716 WommelsFroulju1eklas 

Britsum – Famkes B

In 2e priis yn de ferliezersronde foar Mirjam Punter mei Reny van Wieren en Tessa Reitsma.

 

Spannum – Pupillenjonges A

Foar Redmer Wiersma mei Leon Wijning de krânse yn de A-klasse

20160716 SpannumPupillenjongesA 

 

Snein 17 july

Easterein – Bospartij jongerein

Yn Easterein waard de Bospartij ferkeatst foar de jongerein. 

Sjoch foar ferslach en foto’s by Wedstriidútslaggen, Leden.

 

Grou – Manlju 50+

Yn de B-klasse in 2e priis foar Sipke Hiemstra mei Jan Bosch en Peter Rinsma. De 3e priis wie foar Ype Tiemersma mei Harmen van Gelderen en Anno Miedema.

 

Froubuurt – Famkes frije formaasje

Yn de frije formaasjepartij wint Jeska Terpstra mei Selma van der Molen en Kim Dijkstra de krânse.

20160717 Froubuurt Famkesff 

Jirnsum – Skoalfamkes frije formaasje

De suskes Roelie en Corrie Kroondijk winne mei Anouk Smink de 2e priis.

20160717 JirnsumSkoalfamkesff 

Letter mear (en mear foto’s) …

Back To Top