Woansdei 27 july binne we ta oan de 12 edysje fan de Jong-Feinte!
Dat we sizze jimme, keatsleafhawwers, keatsers en doarpsbewenners fan Easterein, kom op de 4e woansdei fan july nei sportpark De Skoalleiseize en wês tsjûge fan ien fan de moaiste keatswedstriden yn Fryslân, fûleindige jonge keatsers mei wille en striid genietsjend fan it moaie spultsje en de sfear yn en om it fjild!
Jong-Feinte dei, in wiere keatsdei!
(sjoch op de side lofts ûnder Jong-Feinte foar alle ynformaasje en histoarje)
Moandei 18 july
Makkum – Manlju 1e klasse t.i.l.
Yn Makkum de tradisjonele partij op moandei foar de 1e klasse t.i.l. Hjir wint Marten Faber de 2e priis mei Jan-Sjouke Weewer en Renze Pieter Hiemstra.
Sneon 23 july
In 2e priis foar Marije Hiemstra mei Anke Winkel en Jennie Terpstra. Yn de herkansing in 1e priis foar Jeska Terpstra mei Selma vd Molen en Annet de Haan.
Sjoch foar in wiidweidich moai ferslach: http://www.sfdeinum.nl/clubinfo/nieuws?n=31
Snein 24 july
Foar Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra mei Steven de Bruin in 3e priis op de frije formaasjewedstriid.
Foar Marije Hiemstra in twadde finaleplak en wer tsjin deselde tsjinstanner yn de finale. Mei Anke Winkel en Jennie Terpstra de 2e priis.
De 1e priis foar Corrie Kroondijk mei Fiera de Vries
In 2e priis yn de ferliezersronde foar Nynke Paauw e=mei Tara Brit van der Meulen
Boalsert – Pupillenjongens B klasse
In 3e priis foar Siebo Boersma mei Harmen Zuidema
Letter mear …