Yn Easterein de feesten op woansdei, tongersdei en freed en it wie noch goed treffen mei it waar. Hichtepunt fan it wykein wie fansels it finaleplak fan de pupillenjonges op it NK yn Wommels en úteinlik in prachtige 2e priis. En de froulju dy’t op it NK de 3e priis pakten.
Freed 24 juny
Reahûs-Turns – Federaasje jongerein
Yn Reahûs-Turns wienen de federaasjekampioenskippen foar de jongerein. By de jonges wie der in 2e priis foar Rutger Wiersma en Kees vd Horst.
Sneon 25 juny
Hitsum – Skoalfamkes Ofdieling
In moaie 1e priis op it moaie fjild yn Hitsum foar Easterein mei Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk en coach Ype Tiemersma. Yn de finale wurdt wûn fan Winsum. Yn de 1e omloop waard Seisbierrum ferslein.
Yn de t.i.l.-wedstriid wie der in 2e priis foar Machtelt Veltman mei Rixt Fokkema.
Snein 26 juny
Mei syn nije partoer wint Jan Schurer in 3e priis op de haadklasse mei maten Hendrik Tolsma en Jacob Klaas Haitsma
Der wie in 3e priis foar Imke vd Leest mei Kim Dykstra (fan Makkum, winner Ald-Meiers en as ynfalster foar Lisette mei!) en Sjanet Wynia.
In 3e priis foar Tineke Dijkstra mei Hermine Sytema en Jeske de Boer
Letter mear en de foto’s…