Skip to content

It wykein wie it stoarm oer de Fryske Greiden, mar hast alle keatswedstriden koenen trochgean!
Nei de prachtige 11e edysje fan de Jong-Feinte is de ‘rêst’ werom yn Easterein en kinne we foarút sjen nei de grutte wedstriden lykas de PC en de Freule en fansels nei de bysûndere wedstriid de Ald-Meiers!

 


Sneon 25 july


St Anne – Froulju 1e klasse frije formaasje

In 3e priis foar Imke vd Leest mei Renske Terwisscha v Scheltinga

20150725StAnne Froulju1eklas3 

Húns-Leons – Skoalfamkes t.i.l.

De krânsen foar Roelie Kroondijk en Selma de Boer.
In 2e priis yn de ferliezersronde foar Corrie Kroondijk mei Silke Heinsma, St Anne

20150725HUnsLeons Skoalfamkestil groep 

Drylst – Pupillenfamkes t.i.l.

In 1e priis en dus de krânse foar Amber Reijnhoudt mei Larissa Smink (Makkum)

20150725Drylst Pupillenfamkestil 

Hearrenfean – Welpenjonges t.i.l.

De krânse wie der foar Arjen Stremler mei Jelmer Foppe Drijfhout (Poppenwier).
De 1e priis yn de ferliezersronde wie foar Redmer Wiersma mei Emiel Feenstra (Bolsward).

20150725Hearrenfean Welpenjonges1 


Snein 26 july


Tsjummearum – Froulju 1e klasse frije formaasje

Imke vd Leest wint mei Nynke Sinnema en Renske Terwisscha van Scheltinga de krânsen.

Der is in 3e priis foar Sietske Okkema, Sandra Hofstra en Jelien Pompstra.

20150726Tsjummearrum Froulju1eklas1

20150726Tsjummearrum Froulju1eklas3

St Anne – Famkes ôfdieling

De generale foar de Ald-Meiers wurdt der skreaun troch St Anne.
Easterein mei Baukje Terpstra, Janieke Dijkstra en Jeska Terpstra winne de 1e omloop fan Dronryp mei 5-5:6-4.
De twadde omloop giet dan ferlern tsjin Wommels dy yn de finale komt en dan ferliest fan Marssum.

 

Back To Top