De wike fan de 10de Jong-Fente dy’t tige suksesfol wie en mei in moaie winner, Seisbierrum-Pitersbierrum. In prachtige keatsdei mei respekt nei in tryste barren yn Oekraïne. En op tongersdei krige ien fan de winners fan de Jong-Feinte, Johannes vd Veen, op de keats-off foar de PC it lêste PC-ticket troch de finale te winnen fan syn ôfdielingspartoermaat Kees vd Schoot.
It wykein fan Arum, de generale fan de PC en no woansdei de PC mei dêr as dielnimmers fan Easterein, Dirk-Yde Sjaarda en debutant Bauke Dijkstra.
Woansdei 23-7-2014
Easterein – Jong-Feinte
Sjoch op KNKB.nl by Junioren Jong Feinte afd J F en by Seisbierrum/Pitersbierrum wint Jong Feinte 2014
Sjoch by Jong-Feinte op dizze side lofts yn it menu
Sneon 26 july
Stiens – Manlju 1e klas net beheind
Jelte Pieter Dijkstra wint mei Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de Jong de krânsen yn Stiens ut in list fan 20 partoeren. De finale wurdt wûn fan Haye Jan Nicolay, Rene Anema en Jan Schurer.
Seisbierrum – Froulju haadklasse
Der is in 3e priis foar Anke Marije Pompstra mei Marije vd Meer, Klasina Huistra. Se steane 5-1 efter tsjin Imke vd Leest mei Nicole Hempenius en Harm Siegersma, mar winne de partij doch noch mei 5-5:4-6.
Dronryp – Welpenjonges
Der is in 1e priis yn de ferliezersronde foar Siebo Boersma mei Jens Rienk Jepkema fan Huns.
Snein 27 july
Arum – Froulju haadklasse
Yn Arum kaam Marije Hiemstra mei Maaike Osinga en Margriet Bakker yn de finale, mar dy waard ferlern mei 5-2:6-4 fan Lisette Wagenaar c.s. De earste omloop waard krekt wûn op 5-5:6-6 en de heale finale waard wûn fan Imke vd Leest mei Nicole Hempenius en Harmke Siegersma. De lêste ferlearen de striid om de 3e priis fan Sanne Velsma cs.
Lekkum – Froulju 1e klasse
Sietske Okkema, Jelien Pompstra mei Anke Winkel lieten hjoed yn Lekkum sjen wat se kinne. Nei in prima keatsdei mei in útblinkende Sietske Okkema, en har beide prima keatsende maten, koenen se har de prachtige krânsen omhingje litte. Moai smûk fjild yn Lekkum en goed foar elkoar mei help fan de âlders. Yn de finale winne Sietske endy fan Evelien Westra c.s. mei 3-5:6-6.
St Jabik – Manlju 50+
De krânsen en de dikke tuut fan Rianne Dorst wienen foar Douwe Durk Reitsma mei Johannes Siegersma, Berlikum en Johan Hiemstra St Anne. Se wûnen mei 5-4 6-6.
St Anne – Famkes ôfdieling en t.i.l.
Jeska Terpstra wint mei Gerbrig Bouma en Berber Ekema de 2e priis yn St Anne. De finale gie ferlern mei 5-0 6-0.