Skip to content

De manlju 50+ en de junioaren stienen sneon op it NK yn Penjum en Holwert. Beide partoeren kamen net yn de prizen. Yn Easterein sneon de KNKB Famkes A+B en de sneins, ûnder ekstreem waar, de 37ste Okkemapartij!


Sneon 4 july


Penjum – NK Senioaren 50+

Easterein (Sipke Hiemstra, Klaas Kamstra en Simon Kingma) ferlear de 1e omloop fan Berltsum mei 2-5 0-6. Winner fan it NK wurdt Frjentsjer.

Holwert – NK Junioaren

De junioaren fan Easterein, Doede Rients Okkema, Danny Roos en Jan Schurer winne de 1e omloop fan Minnertsgea mei 3-5:6-6. Yn de 2e omloop treffe se Easterlittens en dat wurdt ferlern mei 5-2:6-6. Winner fan it NK wurdt Boalsert.

Easterein – Famkes A

Om 9 oere los, moai op tiid. Alle froulje wiene 10 foar njoggenen klear om it fjild yn te gean. De sinne wie noch wat ferstoppe en it waaide noch lekker troch. Mei in poule fan 4 waard der yn 3 omlopen keatst en sadwaande koene we om healwei 2-en de priisútrikking dwaan. Nei 2 omlopen hiene alle 4 partoeren ien kear wûn en in kear ferlen, spannend dus!

1e priis (19 foar, 15 tsjin): Anke Mollema, Nes, Kim Dijkstra, Makkum, Anne Monfils, Kimswerd

2e priis (17 foar, 14 tsjin): Simone Kootstra, Minnertsgea, Hiske Zeinstra, Peins, Martzen Deinum, Wommels

20150704Easterein FamkesA

Easterein – Famkes B

In oere earder begûn yn Easterein yn ferbân mei de te ferwachte waarmte. Oant 12 oere wie it noch prima te dwaan, dêrnei kaam de sinne der troch en foel de wyn fuort. Sa waard it behoarlik smûk op it fjild. Hjirtroch duorren de omlopen wat langer troch mear drinkpauzes. Mar desûndanks waard der spannend en dreech keatst.

In 3e priis wie der foar Lotte Delgrosse (Marsum), Anne-Rixt Cnossen (Boalsert) en Anneke Smid (Makkum), sy ferlearen de heale finale mei 3-5 6-6 fan de lettere krânswinners. De finale gie lyk op, úteinlik wûnen Jiska Herrema (Menaam), Annet de Haan (St. Annaparochie) en Mintje Meintema (Dronryp) mei de sifers 5-4 6-4 fan Dieuwke Roelfsema (Jirnsum), Selma v/d Molen (Wytmarsum) en Rixt Sinnema (Wergea).

Foar 15 oere koene we de prizen útrikke en koe elts in frisse douche nimme. Mei tank oan stiper Couperus Hydrauliek út Easterein én alle karmasters/frijwilligers/âlders ha we wer in moaie keatsdei hân yn Easterein!

1e priis: Jiska Herrema, Menaam, Annet de Haan, St. Annaparochie, Mintje Meintema, Dronryp

2e priis: Dieuwke Roelfsema, Jirnsum, Selma v/d Molen, Wytmarsum, Rixt Sinnema, Wergea

3e priis: Lotte Delgrosse, Marsum, Anne-Rixt Cnossen, Boalsert, Anneke Smid, Makkum

20150704Easterein FamkesB

Niawier-Metslawier-Oostern – Welpenjonges B

Yn de B-klasse in 2e priis foar Arjen Stremler (Easterein) mei Sybrand Veldhuis (Raerd)

20150705Niawier WelpenjongesB


Sneon 5 july


Ysbrechtum – Famkes frije formaasje

In 2e priis yn de ferliezersronde foar Jeska Terpstra mei Lisette Tolsma- Dronryp en Rianne Nutma- Winsum Fr.

20150705Ysbrechtum Famkesff

Jirnum – Skoalfamkes frije formaasje

Der wie in 2e priis foar Roelie Kroondijk en Corrie Kroondijk (Easterein) en Anouk Smink (Makkum)

Yn de ferliezersronde in 1e priis foar Selma de Boer mei Trea v/d Ploeg (Ried) en Eline Koree (Anjum)

20150705JIrnsum Skoalfamkesff

Back To Top