It prachtige doarspfeest wêr efter ús en op nei de grutte partijen yn july en augustus. Dit wykein noch twa Nederlânsk Kampeionskippen, de junioaren en 50+. Op beide listen stienen we en beide 1 eilaas mar 1 omloop. Ek dit wykein de alwer 36ste Okkemapartij. Hjir te min dielname mei 16 partoeren, mar der wienen ek in soart oare aktiviteiten.
Woansdei 2 july
Easterein – Boerogrouppartij
Woansdei wie der in partij foar de jongerein.
Sjoch foar in ferslach en foto’s by Wedstriidutslaggen, Leden, Jongerein.
Sneon 5 july
Easterein – 36ste Okkemapartij
De 36ste Okkemapartij waard ferkeatst yn Easterein en hie behoarlik lêst fan konkurrinsje fan oare (keats)aktiviteiten. Sa kaam it dat der ‘mar’ 16 partoeren wienen yn trije klassen.
Sjoch foar foto en útslaggen by Wedstriidutslaggen, Federaasje
St Nyk – NK Senioaren 50+
Yn en tsjin St Nyk waard ferlern yn de 1e omloop mei 5-5:4-6. Foar Easterein kamen yn aksje Douwe Durk Reitsma, Sipke Hiemstra en Tjerk Okkema. Winner fan it NK 50+ waard Harns
Sjoch ek by KNKB NK 50+
Tsjummearum – NK Junioaren
Doede Rients Okkema, Bote Jellema en Remon Tie Bouma kinne it net risse tsjin Holwert, 4-5:4-6. Holwert ferliest dêrnei fan St Anne, favoryt foar de winst. Mar ek St Anne sneuvele foar de prizen en ferlear fan de lettere winner Frjentsjer.
Sjoch ek by KNKB – NK Junioaren
Wytmarsum – Haadklasse en 1e klasse froulju
Fan Easterein stie Imke vd Leest op de haadklasse en wûn mei Nicole Hempenius en Judy Bergsma (foar Harmke Siegersma) de partij yn Wytmarsum. Yn de finale waard wûn fan Lisette Wagenaar c.s. mei 2-5:6-6.
Yn de 1e klasse stienen Tineke Dijkstra, Marit Kuperus, Sietske Okkema, Jelien Pompstra, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma op de list. En 4 fan de 6 froulju hienen in priis.
Martine Tiemersma mei Nieke Wateler en Geke de Boer hie de krânse! Yn de finale winne se fan Nelie Steenstra, Feikje Bouwhuis en Anouk Tolsma mei 5-3:6-2.
Marije Hiemstra mei Maaike Osinga en Margriet Bakker hienen de 3e priis
Sietske en Jelien mei Anke Winkel de 2e priis yn de ferliezersronde.
Tsjom – Pupillenfamkes
We ha in prinses yn Easterein! Corrie Kroondijk waard ‘kroont’ ta prinses yn Tsjom doe hja mei Nynke Paauw de krânsen wûn by de pupillenfamkes. Der wienen 18 partoeren. Yn Tsjom is it al jierren in tradysje dat der in prins en prinses keazen. De priis wie in prachtige bokaal mei in keatsklauw.
En Corrie mocht mei de prins op de golfkarre in rûntsje om it fjild.
Snein 6 july
Jirnsum – Skoalfamkes A+B
Yn de A-klasse wie de krânse foar Jeska Terpstra mei Selma vd Molen fan Wytmarsum
Yn de B-klasse dienen oan dizze wedstriid ek pupillenfamkes fan Easterein mei. En ja, Corrie kaam ek noch yn de krânsen mei Boukje E. Bosma fan Makkum. Der wie in 3e priis foar Mirjam Punter mei Djura Odinga fan Poppingawier.