Keatskes wike 30

Woansdei 27 juli: gjin foto fan Sipke mar wol fan sin priis, in horloge. Hy die mei mei de 50+ PC yn Balk.

Freed in moaie krâns foar Jelke Sijbesma as kabouter by de welpen yn Snits by de federaasje.

Sneon de krâns foar Fianne Dijkstra by de federaasje yn Workum. Geertje van der Weide behelle der de twadde priis.

Sneon by de 50+ yn Jortwert prizen foar Eastereinders

Sipke 2de ferliezers                                                                                   Tjeerd en Roel de krâns

 

Dit wiekein twa kear de krâns foar Roelie Kroondijk. Sneon yn Pingjum en snein yn Peins. Beide by de dames earste klas.