Skip to content

 

Op de heren PC fan 2019 wiene der twa blokjerinners fan Easterein oanwezich. Liset Sijbesma en Brecht Steginga. Sij mochten de hiele dei oanwezich weze en de blokjes by de haadklasse keatsers dellizze. Se diene it geweldich. Nei ofrin mochten hja ek noch mei Tjisse Steenstra en Kening Hans Wassenaar op’ e foto. Goed dyn’t froulju!

Op de foto’s yn’ e utslagen app kamen ek noch de lollies fan tante Annie foarby. It wie noch wol efkes unbekind welke no de echte lollies binne 😉

 

 

De froulju fan Easterein mochten sneon wer oantrede yn Hitzum op de wolbekinde Ald Meiers partij. Easterein hat al trije kear dizze titel op harren namme stean en ek dit jier doche hja wer mei foar de priizen. Yn stĂ© fan Roelie Kroondijk (die de partij al ris wunt hat en dertroch net wer mei dwaan mei) docht Marit Meijer Ășt Wommels mei. Helaas koene sij de earste omloop net trochkomme. Sij ferlieze mei 5-5 6-2 fan Stiens.

 

Sneon wie der ek ofdieling earste klasse bij de heren. Dirk Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer diene hjir foar Easterein oan mei. Hja wunnen dizze dei fan Welsryp, Arum en yn’ e finale fan it deeglike Frensjerd. In moaie partij wer neffens us wol wat mear animo foar weze mocht (8partoer op’ e list). Fan herte lokwinske mannen.

 

Jeska Terpstra wint de earste priis op de dames earste klasse partij.

 

Op de haadklasse partij froulju yn Wytmarsum wie der snein noch in twadde priis foar Imke en har maten. Sietske Okkema ferlear helaas de partij om de tredde priis.

 

Back To Top