Keatswike 18, 20, 23 en 24 juny

Woansdei in partij foar de jeugd yn Easterein, de van Krimpenpartij. De Eastereinder peloters ferlearen fan Frjentsjer en nei in finaleplak yn 2011 no der út yn de 2e omloop. Sneon de NK’s foar famkes en jonges.

 

MOANDEI 18 juny

JEU DE PELOTE – Iepen Frysk Kampioenskip

Yn Easterlittens wit Easterein net te winnen fan Frjentsjer. Easterein, twadde yn 2011, begûn goed en rûn út nei 2-0. Dêrnei kaam der in buordsje foar Frejntsjer (2-1), wêrnei Easterein troch gie nei 3-1. Mar Frjentsjer kaam goed werom en it waard 3-3 en 4-4. Dêrnei wer in sterke fase fan Easterein en der hinget 6-4 oan de telegraaf. Franeker knokt har werom nei 6-6, gie goed troch en winne mei 6-8.

 

Foar Easterein keatsten Dirk Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra, Jelle Pieter Dijkstra, Marten Faber, Robert Sybesma, Feite de Haan.

 

 

WOANSDEI 20 juny

 

FERIENING

 

Easterein – jongerein – van Krimpenpartij

Ferslach folget noch….

 

Kabouters

20120620 VanKrimpen_1Kabouters

Welpen

20120620 VanKrimpen_2Welpen

Pupillen

20120620 VanKrimpen_3Pupillen

SNEON 23 juny

 

KNKB

 

Kimswert – NK Jonges

Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Remon Tie Bouma winne de 1e omloop fan Grou mei 5-3:6-2. Mar tsjin Jorwert ferlieze de mannen mei 3-5:2-6. Spitich dat Nies Douwe blessearre wie. Frjentsjer wint it NK.

 

Ljouwert – NK Famkes

Gerry Edou Mollema, Arjanne Schaafsma en Nyncke Pytsje Terpstra ferlieze de 1e omloop tsjin St Anne, dy’t letter it NK ek wûn ha. Se ferlearen mei 5-2:6-6.

 

 

Wytmarsum – Froulju haadklasse en 1e klasse frije formaasje

Yn de 1e klasse de krânse foar Tineke Dijkstra mei Klasina Huistra en Geke de Boer. Yn de finale winne hja fan Evelien Westra, Marit Kuperus en Anke Winkel mei 5-4:6-6.

20120623 Wytmarsum_1eklasse 

 

Makkum – pupillen jonges ôfdieling+t.i.l.

De pupillen Hendrik van der Eems, Rutger Wiersma en Kees vd Horst wienen foar it earst as ôfdielingspartoer fuort. De ferlearen de 1e omloop fan Berltsum, mar ha goed keatst. In moaie oefening foar takom wike! (Foto: Sietske vd Horst)

20120623 Makkum_Pupjongesafd

 

Easterein – pupillen famkes ôfdieling+t.i.l.

20120623 Easterein_PupfamkesOFD2 

Op in list fan 14 partoer wie Makkum te sterk foar Reduzum. Makkum wûn de finale mei 5-3 6-4. Der wiene twa tredde prizen foar Berltsum 2 en Wommels 1. Berltsum 2 ferler de heale finale fan Reduzum mei 5-0 6-0. Wommels 1 koe it net rizze tsjin Makkum 5-2 6-4. Fjirders tige moai waar en der is mei nocht en wille keatst. In kompliment oan de pupillen famkes dat se sa mei elkoar om geane

20120623 Easterein_PupfamkesTIL2

Annet de Haan en Berber Bouma wiene hjoed de sterksten yn Easterein. Yn de finale wiene se te sterk foar Reny van Wieren en Marije Sweering 5-1 6-2. Der wiene twa tredde prizen foar Alien Dijkstra mei Anne Wyke Bouma, sy ferleren mei 5-2 6-0 fan de lettere winners. De oare tredde priis wie foar Renske Blanksma en Iris de Vries yn in spannende party kamen se krekt te koart 5-4 6-6 tsjin de twadde priis winners. Ek hjir de komplimenten oan de pupillen famkes dat se sa op in sportiefe manier mei-inoar omgeane

 

 

 

Snein 24 juny

 

KNKB

 

In kloft wedstriden waard ôflast en sil troch de wike ynhelle wurde

 

St Anne – Haadklasse froulju

Op de útnoegingswedstriid fan St Anne waard allinnich de 1e omloop keatst. Marije Hiemstra wist mei Leonie vd Graaf en Margriet Bakker de 1e omloop te winnen fan Nynke Sybrandy, Maaike Osinga en Wiljo Sybrandy. Imke vd Leest wint ek de 1e omloop mei Iris vd Veen en AUkje van Kuiken. Sed winne fan Joukje Kuperus, Mariska Hoogland en Bianca vd Veen. Anke Marije Pompstra wint de 1e omloop ek mei Joukje Kuperus (bylotte foar Lisette Wagenaar) en Romy vd Veen. Se winne fan Martine Tiemersma die mei Sanne Velsma en Fenna Zeinstra keatste. Woansdei 18.30 wurdt de wedstriid útspile yn St Anne.

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl