Keatsferiening Easterein – Oprjochte yn 1904
Utnoeging foarjiersgearkomste KF Easterein
op 27 maart 2013
Bêste minsken,
Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 27 maart 2013 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.
Wurklist
1. Iepening
2. Meidielings en ynkommen stikken
3. Oantekens fan de neijiersgearkomste op 21 novimber 2012. It ferslach is taheakke oan de útnoeging. Bin hjir fragen oer?
4. Finansjeel ferslach:
– rekken 2012
– begrutting 2013
5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
6. Presintaasje jierferslach 2012
7. Skoft
8. Bestjoersferkiezing:
– ôfgeand en net ferkiesber: Ype Tiemersma
foardracht: Marten Faber
– ôfgeand en net ferkiesber: Tjerk Okkema, jongereinsaken
foardracht: Hans Kooistra
– ôfgeand en net ferkiesber: Anco Elgersma, ponghâlder
foardracht: fakatuere
– ôfgeand en net ferkiesber: Gerben Kooistra, foarsitter
foardracht: fakatuere
9. Stikken KNKB-gearkomste op 5 april 2013
10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
– foarstel sittingstermyn bestjoersleden
– meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits
– ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”
– fakatueres: stân fan saken
– ûntwikkelings MFT
11. Wedstriidaginda 2013
12. Omfreegjen
13. Sluting
Graach oant sjen op 27 maart!
KF Easterein