Skip to content

Utnoeging foarjiersgearkomste KF Easterein op 25 maart 2015

 

Bêste minsken,

 

Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein.

 

Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.

De gearkomste sil plakfine op woansdei 25 maart 2015 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.

 

Wurklist:

1. Iepening

2. Meidielings en ynkommen stikken

3. Oantekens fan de neijiersgearkomste op 12 novimber 2014

4. Finansjeel ferslach: rekken 2014 en begrutting 2015

5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid

6. Presintaasje jierferslach 2014

7. Skoft

8. Bestjoersferkiezing:

Oftredend : Jikke Velzen, wedstriidsekretariaat

Foardracht : gjin, wurdt yntern oplost

 

Tuskentiids ôftredend : Skelte Anema, ponghâlder

Foardracht : fakatuere

 

9. Stikken KNKB-gearkomste op 2 april 2015

(sjoch de BYLAGE KNKB mei utlis oer it ienlingebeleid en it bûnsburo, graach foar de gearkomste trochnimme)

 

10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:

– meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits

– ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”

– ôfskied kommisjeleden

– fakatueres: stân fan saken

 

11. Wedstriidaginda 2015

12. Omfreegjen

13. Sluting

 

Graach oant sjen op 25 maart!

 

Bestjoer KF Easterein

 

 

 

Back To Top