Grutte opkomst op de neijiersgearkomste!
It bestjoer hie sa’n 50 leden op besite en in part dêrfan wie de jongerein dy’t fannjejûn hulidige waard.
It wie fansels moai foar it bestjoer dat noch altyd út seis bestjoerders bestiet en dit seizoen it sûnder foarsitter dwaan moasten, mar lokkich wol mei in âld-ponghâlder efter de skermen.
Lokkich koe by de bestjoersferkiezing bekind makke wurde dan der in nij bestjoerslid by kaam is!
(Foto: http://www.kaatshistorie.nl)
De hear Skelte Anema, ús wol bekend fan v.v. SDS mar fansels ek fan it keatsen. Sa stie dizze jongeman alris yn de finale fan it Nederlânsk Kampioenskip foar jonges yn Bitgum. Hy wûn foar Mantgum de 2e priis mei Bouwe de Bruin en Bonne van der Wal. (Hy stiet yn de midden…)
(Foto: http://www.kaatshistorie.nl)
Easterein wie doe ek fan de partij. Dizze foto wolle we jimme net ûnthâlde, want dêr stiet de ‘foarsitter’ fan justerjûn, Marten Faber op! Hy wûn mei Tjipke Klaas Okkema en Hessel Stegenga de 3e priis
In Kroon op it seizoen foar dizze beide jonge froulju! Se ha dit seizoen goed oan de Dijk timmere en dêrmei waarden hja foar it earst yn de skiednis fan keatsferiening Easterein net IEN mar TWA keazen ta Keats(t)er(s) fan it jier 2013!
Lokwinske Corrie en Roelie!
De skoalfamkes Selma de Boer, Julie Paauw en Mirjam Punter hienen ek in primeur! Hja wûnen yn 2013 as earste fan basisskoalle de Foareker de Provinsjale Skoalkampioenskippen yn Ljouweert!
It bestjoer sette de froulju op dizze jûn ek efkes yn it sintsje. Lokwinske froulju!
Miskien witte jimme noch dat de froulju mei de krânse om yn de optocht fan de doarspfeesten foarop gienen!
Jelte Pieter Dijkstra wûn op de fiifde woansdei fan july yn Frjentsjer in 3e priis op de PC mei syn maten Herman Sprik fan Wytmarsum en Sjoerd de Jong fan St Anne
Hy krige fan it bestjoer in moai oantinken yn de foarm fan in foto op canvas
Letter mear oer de gearkomste ….