Skip to content

Slotjûn jeugd KF Easterein

 

In tige slagge middei op de Skoalleseize en it MFT. De jeugd fan de keatsferiening Easterein hie freedtemiddei de lêste aktiviteit fan it keatsseizoen 2013. De tradisjonele slotjûn.

(Sjoch ek ûnder Foto’s, 20130906_Slotjun_Jongerein)

20130906 KFE SlotjûnA 

Earst wienen om 16.00 oere de bern fan de kabouters o/m 1e jiers pupillen oan bar foar harren slotjûn.

 

Kompetysjeprizen

Kabouters

1e priis: Redmer Stegenga, 90 punten

2e priis: Arjen Stremler, 89 punten

3e priis: Benthe Ottens, 86 punten

 

Welpenfamkes

1e priis: Amber Reijnhoudt, 82 punten

2e priis: Nynke Paauw, 76 punten

3e priis: Nadja Sixma, 69 punten

 

 

Welpenjonges

1e priis: Siebo Boersma, 87 punten

2e priis: Redmer Wiersma, 86 punten

3e priis: Rutger Sybesma, 75 punten

 

20130906 KFE SlotjûnB 

Om 20.00 oere wienen fanôf 2e jiers pupillen o/m de skoalbern der foar harren slotjûn  

 

Kompetysjeprizen

Pupillenfamkes

1e priis: Corrie Kroondijk, 105 punten

2e priis: Roelie Kroondijk, 92 punten

3e priis: Selma de Boer, 82 punten

 

Pupillenjonges

1e priis: Halbe Willem Overal, 60 punten

2e priis: Sydrik Kooistra, 49 punten

3e priis: Hendrik van der Eems, 41 punten

 

Skoalfamkes

1e priis: Jeska Terpstra, 75 punten

2e priis: Margriet Jellema, 72 punten

3e priis: Julia Paauw, 67 punten

 

Skoaljonges

1e priis: Rutger Wiersma, 70 punten

2e priis: Kees van der Horst, 59 punten

3e priis: Tjalling Tjalsma, 57 punten

 

De kabouters en welpen mochten om goed 4 oere begjinne oan in spultsjerûnte op it fjild oan 6 behindigheidsspultsjes wêrfan 2 mei wetter. Om healwei seizen patat en drinken yn de kantine dêr’t ek de prizen foar de kompetysje útrikt wurde.

Om healwei 7 de pupillen en de skoaljeugd. Foar dizze bern in sletterace om de sportfjilden en op it MFT. 19 bern yn 5 groepkes moasten spultsjes dwaan . Tidens it ferpleatsen nei it oare spultsje moasten de bern troch de feart.

Der wie ek in spultsje by it opslachfak fan it pelotefjild. De bern moasten ballen ien foar ien yn de amer dwaan die oan de oare kant fan de feart stûn. In drekbende mar tige slagge.

Back To Top